
Dit is de twadde digitale ôflevering fan it nije tydskrift ensafh dat ûntstien is út de fúzje fan ynternettydskrift Farsk en it op paier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.
Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Dat kostet 27 euro jiers. Jo kinne dêrfoar maile nei redaksje@ensafh.nl
De ôfleveringen fan ensafh sille net folle ôfwike fan dy fan it eardere Farsk. Geandewei sille saken fernijd wurde.
Nij is no al, dat Willem Winters, fan wa’t jierrenlang de fêste rubryk Digerje yn Hjir ferskynd is, tenei in ‘fêst gesicht’ op ensafh-digitaal wêze sil; moai meinommen dêrby is, dat de yllustraasje(s) dy’t altyd by syn bydrage stiet / stean, no yn kleur te sjen is / binne. Yn dizze ôflvering hat er it oer ‘bewarjen’ en komt er ta in moaie konklúzje.
Dizze ôflevering iepenet mei in moai iroanysk gedicht ‘Fryske beweging’ fan Jaen, in nije namme yn ensafh. In winter dat men ride kin hat altyd al ynspirearjend west foar Fryske dichters.
Op dizze ensafh ek wer in gedicht fan Ruurdtsje de Haan oer in wurk fan M.C. Escher, de houtfyk Sky and Water en fansels it ferfolch fan de publikaasje yn ôfleveringen fan in projekt fan de dichter Andries Miedema. Hy hat fan it ferhaal ‘De laatste reis van de Nyborg’ fan J. Slauerhoff hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er hieltyd foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn.
Skermer skriuwt yn syn kollum it ultime gedicht yn syn wrakseling mei de 20.000 euro dy’t er op ’e bank hat te stean en jout dêryn in eareplak oan de Dútske skriuwer Walter Benjamin.
Jouke Hylkema giet yn syn stikken út fan ’e aktualiteit, mar op in aparte wize. Hy fiert ús dizze kear yn syn petearferhaal in fiere takomst yn en konfrontearret ús dêr mei in ‘ûnfoechsume’ wierheid.
Yn dizze ensafh ek in besprek. Piter Boersma hat him bûgd oer Bennie Huisman syn boek Eeltsje en ik (reisferhalen). Eeltsje is Eeltsje Halbertsma ien fan de bruorren Halbertsma, de skriuwers fan it ferneamde boek Rimen en Teltsjes út de njoggentjinde ieu, dat oan it begjin stie fan de opkomst fan de Fryske literatuer.