Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

It klinkt klisjee, mar dat komt, omdat it gewoan sa wier as wat is: Fjirtjin dagen binne samar om. En dêrom hjir wer in nije ôflevering fan de digitale ensafh. En dan wurdt soks ek noch ferswijd yn it Boekemagazine? (Sj. kommintaar) De 34e ôflevering fan ensafh bewiist dat der mear literatuer is as wat dêr ynstiet. Om noch mar te swijen fan alle edysjes fan Farsk.

Hawar, diskear wer in nijsgjirrige ynhâld:

Poëzije

Om te begjinnen hat Piter Boersma in nije foarm fan gedichteskriuwen fûn. Nei Stjoer de strjitmakker moast er fansels in nij útgongspunt fine, en dat hat er dien. ‘Ofsjoen fan ‘e Sjinezen,’ sa’t er sels seit.

Jan Kleefstra skriuwt yn in moai en mysterieus gedicht eat oer wiskunde, of dochs oer eat oars?

Proaza

Al earder hawwe der in tal foarpublikaasjes yn ensafh stien fan Nyk de Vries fan syn bondel Motorman en 39 oare proazagedichten. Der komt no wer in rige fan him oan mei yn dizze ôflevering ‘Keamer’.

Kollum

De beide reguliere kollums fan Skermer en Willem Winters. Skermer besprekt de sosjale op- en delgong oan ‘e hân fan it Dútske boek Der grüne Heinrich. Op- en delgong is in part fan it libben.

Willem Winters freget him ôf hoe’t er foto’s makket en hat er net gelyk as er net mear de gongbere fakânsjekykjes sjitte wol dy’t elk al makket?

Multimedia

De rige ‘Wiere Wurden’ troch Rinzema en Tigchelaar wurdt trochset mei de fjirde tekening + praatsje. Yn ‘e trant fan gjin aaien lizze kinne, mar harren wol op smaak hifkje kinne.

Besprek

Eric Hoekstra hat nei de foarstelling ‘Festen’ yn Jorwert west dêr’t er aardich oer te sprekken is. It haadtema is ynsest, mar Hoekstra fynt meardere ûnderwerpen dêr’t er syn ljocht oer skine lit. En hy fynt wol mear dingen…

Edwin de Groot sinjalearret en besprekt yn it koart de debútdichtbondel Fan glês it brekken fan Elske Kampen.


Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *