
Yn De Groene Amsterdammer fan 16 septimber 2010 seit Sadik Harchaoui, direkteur fan it ynstitút foar multykulturele fraachstikken Forum yn de fraachpetearsearje ‘It algemien belang’: ‘Foar it earst hat de middenklasse net mear fanselssprekkend it gefoel dat har bern it better krije sille as sysels. Dat is hiel wichtich. Polityk en belied gean oant no ta inkeld oer sosjale stiging, yn it ûnderwiis, op ’e arbeidsmerk, op ’e wenningmerk. Mar minsken moatte wier rekken hâlde mei sosjale delgong. En wat bart der dan? Hoe giet men dêr mei om?’
Dat brocht my as fansels in passaazje yn ’t sin út it begjin fan in ûntjouwingsroman út de njoggentjinde ieu, Der grüne Heinrich, fan de Switserske auteur Gottfried Keller (1819-1890). It boek begjint sa: ‘Us heit wie in boeresoan út in oerâld doarp…’ En de ferteller giet dan troch oer dat doarp en twa siden fierder stiet der: ‘De ferdieling fan it besit feroaret lykwols fan jier ta jier in bytsje en yn fyftich jier hast ûnwerkenber. De bern fan de bidlers fan juster binne hjoed de riken yn it doarp, en de neikommelingen dêrfan hâlde har mei muoite yn de middenklasse oerein, om of hielendal ta earmoede te ferfallen of har wer op te wurkjen.’
Dat ik fuort oan dy passaazje tocht wie gjin wûnder. Sûnt ik Der grüne Heinrich ken, en dat is al jierren, lês ik geregeldwei de begjinsiden derfan. Ik fyn se fassinearjend. Se jouwe in mins rêst. It doarp is de wrâld. It tsjerkhôf dêr is de wrâld: ‘De lytse godsikker, dy’t om ’e nettsjinsteande syn âldens wyt poetste tsjerke leit en nea útlein is, bestiet wat de grûn oangiet letterlik út de fergiene bonken fan de inoar opfolgjende slachten; it is ûnmooglik, dat der oant tsien foet djip ta in kerreltsje is, dat net syn reis troch it minsklike organisme makke hat en ienris de oare grûn mei it omsetten holpen hat.’
De earste siden fan Der grüne Heinrich binne in ferwurding fan de Tao, de (universele) Wei, de (essinsjele) wurklikheid, de struktuer fan it bestean, it net takkele blok.
Op it nivo fan it yndividu is fan in trochgeande opgong binnen de slachten gjin sprake, likemin fan in trochgeande delgong. Op- of delgong? It is beide kearen it libben sa’t it is dêr’t men jin mei rêdt, it libben, waarm of kâld, dat kloppet as in hert. Twa kanten fan deselde medalje. De Wei yn twa inoar yn ’e mjitte kommende wegen.