
Yn ’e fakânsje doarmen myn tinzen nei fakânsjefoto’s. Dy fan it type: Heit by de dom fan Keulen en mem by de fontein, ensafuorthinne. Jo wolle thús sjen litte wêr’t jo taholden ha. Sokke foto’s knip ik net faak mear.
Sa wiene wy yn Mostar en Sarajevo.
Yn Mostar is de antike brêge – de Stari Most – in toeristyske topper en in symboal foar de relaasjes tusken de ferskate groepen. Yn fotoboeken, op wandbuordsjes en aansichten, oeral sjochst de Stari Most.
Yn Sarajevo seagen wy de brêge dêr’t Ferdinand fan Eastenryk deasketten waard en WO I losboarste. Minder bekend is de brêge fierderop út de wurkpleats fan Eiffel. Dus wy soene de Stari Most ek sjen. Hawar, al fier fan tefoaren sieten wy fêst tusken de parkearde auto’s.
Dy brêge lieten we fierder mar; wy woene dêrnei it stânbyld fan Bruce Lee sjen, dat soe yn in park stean moatte as foarfjochter fan Rjocht foar Elk. Wy koene it net fine. Fregen it oan in tige mankelyk útsjende jongeman dy’t op in bank siet en in gat yn ’e grûn stoareage. Seit er: ‘Dêr stie it, mar no is it fuort.’ En daliks gong er fierder mei dat gat. Letter hearde ik dat fandalen it fernield ha.
De sokkel – in blok beton – dat wie alles noch. In foto fan de lege sokkel is dat net typearjend?
Oars
Ik sinde op in oare manier fan foto’s meitsjen. Ienfâldichwei tocht ik: eagen iepen en dan mar op ’e ûntspanner drukke. Dat liede ta in searje oarsoartige foto’s. Se sizze my mear, hoewol’t se faak neat sizze.
In pear foarbylden:
Planten lâns de berchwei nei Domodossola
Struktuer en ôffalbak lâns de N57 nei Epinal
Dûsgebou op de kemping fan Sarajevo
myn poarsje ravioli, Kafee-restaurant yn Locarno
Fryslân?
Wer thús sjoch ik wer dy krante mei foto’s fan Stephan Vanfletteren [Flakkelân 27-6/29-8] dy’t er makke as typearjend foar Fryslân. ‘Het is een document, een tijdsbeeld,’ skriuwt Rimmer Mulder.
Ja, mar hokker dokumint en hokker tiidsbyld?
Dy foto foarop ‘ist zum Kotzen’. Wa kriget it yn ’e kop om sa’n nekke fan in bûtenman ta in ikoan fan Fryslân te meitsjen. De oare foto’s binne op in pear nei allegear fan ’t selde alloai: Fryslân redusearre ta in úthoeke mei boeren dy’t noch mei de hân melke, de fisker dy’t hielendal fergroeid is mei de mar en de iel. Oer kantoarmantsjes giet dit perfoast net. En dat alles yn dramatysk swart-wyt. En dy foto fan in donker wolkje, mar mei de sinne der pal achter, dat is hast banaal, lykas dy foto mei tsjinljocht lâns de seedyk.
As jo sykje, ja dan fine jo noch wol in pear fan dy typen, mar it is in slim soart ferkearde ynformaasje. Dit kin men dochs gjin byld fan Fryslân neame? In ferhearliking fan it ferline, in nasjonalistyske leagen. Ik fyn it in skande dat wy ynwenners fan Fryslân mei-inoar yn sa’n kader opsluten wurde. In ûnfris stereotype.
Ik wie der miskien net op weromkaam, myn fakânsje kaam der tusken. Mar fan ’e moarn seach ik yn ’e iepenbiere biblioteek in selde projekt útfierd troch de Fryske fotograaf Laurens Aaij. Hy fotografearre België. Dat wurk toant hiel wat sympatiker. Froulju oan in Kriek, haaiende boer, ien ronfelkop mei as titel ‘47 jaar’. Fierder in stik betonwei, in skurf rollûk, in rek mei farske bôle ensfh. Alles yn kleur en yn byld brocht op in wize dy’t seit: ‘Dit binne gewoane minsken en har dingen.’ De fotograaf sadelt ús net op mei swier romantyske, nostalgyske tinzen.
Grutte fraachstikken! Nei in fakânsje dy’t ek al net sûnder konfrontaasjes mei aaklichheden wie. Wa’t nei Bosnië giet fynt in prachtich lân, mei in soad kûgelgatten noch yn de muorren. De oarloch dêr is al wer 15 jier ferlyn mar is lang net hielendal fuortpoetst.
Ta beslút
Yn Sarajevo krigen wy wat ûnbekends te iten. In soart pûde fan pankoek, fuld mei nei kar: 5, 10 of 15 lytse woarsten, mei sipels en farske tsiis. De namme bin ik kwyt.
Soks moat dochs ek yn byld brocht wurde?