Eric Hoekstra

Eye-openers

logo.ensafh
Oer Kerst Huisman syn Friesland heeft zijn eigen verhaal

Steven Sterk Uitgevers, útjouwerij fan bysûndere fiten, hat wer in nij fyt klearspile. Nei Eelke Lok syn boek oer provinsjale polityk en Oebele Vries syn prachtboek mei Aldfryske teksten komt Sterk no mei in útjefte dy’t krityk befettet op de Nederlânske kanon fan prof. Frits van Oostrum. Dat is wol pikant, want dy seldichste Van Oostrum, dy’t de Fryske skiednis yn syn Nederlânske kanon folslein deaswijt, naam wol it boek fan Oebele Vries yn ûntfangst en wie fol lof oer dat in breed publyk de Aldfryske teksten ta syn foldwaan hie. Dat is de spagaat fan de Rânestedlike machtspolityk, dy’t de facto oan de iene kant de regio útrûpelet en as wingewest sjocht, oan de oare kant allegear etyske, humanistyske of wittenskiplike idealen pretendearret heech te hâlden.

It boek is skreaun troch skiedkundige Kerst Huisman, en hat as titel: Friesland heeft zijn eigen verhaal. Pleidooi voor een niet-Randstedelijke geschiedeniskanon. Huisman docht twa dingen. Foarst jout er krityk op de Nederlânske = Hollânske kanon. Oard presintearret er in Fryske kanon.

Huisman wiist der daalks op de earste side op dat de kommisje Van Oostrum in rare spagaat makket. Oan de iene kant hâldt de kommisje, tsjin better witten yn, út dat se kennis fan de skiednis net sjogge as in ynstrumint foar it befoarderjen fan yntegraasje of boargerskip. Want dat fine se yn de Rânestêd net etysk, wylst in bytsje sûn Respekt-Leafde foar Regionaal / Nasjonaal Eigenbelang yn de rêst fan Europa, Fryslân ynbegrepen, hiel normaal is.

Tsjin better witten yn. Want sa’t Huisman útpuntet, sil de kanon, oft men wol of net, fungearje as niisneamd ynstrumint. De lesboekjes sille it oernimme, de boargerskipseksamens sil it oernimme … hoe dat sa gjin ynstrumint foar it befoarderjen fan boargerskip? Foar it kreëarjen fan uniformiteit yn skiedkundige fisy?

Folle slimmer is dat de kanon in Hollandosintrysk ferhaal is, en, tafal of net, dat de gearstallers allegear út de Rânestêd komme. Gjin minsken fan de Ryksuniversiteit Grins, om mar te swijen fan de Fryske Akademy, gjin minsken fan de Universiteit fan Maastricht, Nijmegen of Tilburg, gjin minsken fan de Universiteit fan Seelân – o nee, Seelân hat gjiniens in universiteit (wêrom eins net …). Fierders fyn ik it persoanlik nuver dat der ek in kollumniste fan De Volkskrant yn de kommisje sit, ommers in krante dy’t net frij fan in beskate ideology is dy’t net elkenien ûnderskriuwt.

Huisman jout ferskate kritykpunten op de kanon. In sterk kritykpunt fûn ik dat de kanon mei gjin wurd rept oer ien fan de âldste kultueruterings fan Nederlân: de terpen. In frywat unyk ferskynsel binne Europa, en it begjin fan de ivige striid tsjin it wetter. Nuver. Ik doar te wedzjen, hiene der terpen yn ‘e Rânestêd west, dan hiene se (jûchheiend) part fan ’e kanon wêze mocht.

Oar kritykpunt: by it opkommen fan de striid foar bettere sosjale ferhâldings wurdt mei gjin wurd rept oer de ‘bakermat’ fan dy striid: Fryslân, mei Domela Nieuwenhuis en Piter Jelles Troelstra. Al neamd wurdt de bernewet fan Van Houten. Van Houten? Van Houten? Wa hat ea heard fan Van Houten? Ik ken him net. Domela Nieuwenhuis en Troelstra binne folle essinsjelere figueren.

Fierders set de kommisje de Midsieuwen del as de tiid fan it gesach fan greven en ridders, mar dat wie inkeld yn de súdlike Nederlannen it gefal. Foar de noardlike Nederlannen hie krekt it ûntbrekken fan sok gesach (1250-1500), unyk binnen West-Europa, meld wurde moatten. Fryslân (en eins it hiele Noarden) wurde behannele as gebieten dêr’t neat oer te melden wie. Dat liket op skiednisferfalsking (en net sa mar simplifikaasje, want yn in kanon ûntkomt men net oan simplifikaasje). Huisman seit dat net, mar dat is in tinkbere konklúzje. Of oerdriuw ik? Lês it boekje fan Huisman en oardielje sels. Ik fyn alteast dat de Hollânske kanon fierstente fier giet yn syn fokus op de Hollannen.

Krityk hat Huisman ek op de skiedkundigen yn Fryslân sels. In protte fan har beskôgje de útkomst fan de Nederlânske ienheidssteat as it einpunt fan de foargeande skiednis: alles wat oan dy ûntjouwing bydraacht is relevant, en wat der net oan bydroegen hat, dêrmei stridich is, wurdt net oer praat. It is ommers frijwat skandalich dat as in diktator (Napoleon) de universiteit fan Frjentsjer slút, dat de Nederlânske steat him nei de ûnderdrukking ek net wer weriepenet. Men heart yn Van Oostrom syn kanon ek net dat by de beslissingen nommen yn Hollân systematysk it belang fan Hollân foarop stiet. Dat hie fan gefolgen dat yn 1845 Harns gjin tastimming krige om him as haven te ûntjaan tusken Londen oan de iene kant, en Hamburg en Bremen oan de oare. En dêrom hat Noard-Dútsklân wol grutte seehavens, en Noard-Nederlân gjinien.

Guon Fryske skiedkundigen stekke leaver de kop yn it sân, dy’t har tsjinsprekt wurdt of net mei argumintearre of útskolden foar nasjonalist. Ik fyn de machtspolityk fan Hollân gjin skande, want soks is in gefolch fan de ivige wierheid fan it Ferheven Eigenbelang, dat alle steaten temûk ûnderskriuwe. Machiavelli ûntmaskere de politisy al as sadanich. Mar ik nim it yntellektuelen en skiedkundigen kwea-ôf dat se it bestean fan sa’n machtspolityk net sjen wolle, ûntkenne, en leaver as de etyske fûgelkop yn it feilige sân stekke dat se harsels yn de eagen struie.

Ien foarbyld noch fan sokke machtspolityk: de beneaming fan skoalle-ynspekteurs foar de skoallen yn Brabân en Limboarch yn de 19e ieu (komt net út Huisman syn boek): dy skoalynspekteurs binne hast allegear protestantsk en dat wylst de skoallen dêr hast allegear katolyk wiene. Men beneamde gjin katoliken ta skoalynspekteur, om de ideologyske kontrôle oer de katolike skoallen te hâlden en om foar te kommen dat katoliken karjêre makken en op hege posysjes kamen te sitten.

De rêst fan Huisman syn boek befettet in útstel foar in Fryske kanon. Opfallend is dat ik in protte fan de figueren dy’t Huisman neamt net ken. Gjin niget ek. Want ik ha nea ûnderwiis yn Fryske skiednis hân, likemin as jim: bêste bewiis foar de iensidigens fan it skiednisûnderwiis yn Nederlân. In foarbyld fan sokke ûnbekenden: Rudolf Agricola en Wessel Gansfort, dy’t foarrinders fan Erasmus binne, beide fan de Aduarder Rûnte. Dêr wol ik wol mear fan witte! Al wie it allinnich mar om te sjen oft Huisman gelyk hat mei syn claim oangeande harren.

Alsa befettet Huisman syn boek tal fan eye-openers. Huisman is him bewust fan it ferskil tusken de feiten en de ynterpretaasje dy’t er dêroan jout. Graach soe ik by guon Fryske skiedkundigen inselde bewustwêzen sjen, en de reëens en twifelje ris oan de ynterpretaasje dy’t se sels oan de feiten jouwe, en de reëens en feroardielje net op de foarhân de minsken dy’t har tsjinsprekke op it teargefoelige punt fan har … leauwe?

Kerst Huisman, Friesland heeft zijn eigen verhaal. Pleidooi voor een niet-randstedelijke geschiedeniskanon.
Uitgeverij Steven Sterk, (Utrecht, 2007)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *