
Ofrûne freed is Harmen Wind ferstoarn. Hy hat myn roman Piksjitten op Snyp oersetten yn it Nederlânsk – Kikkerjaren (2001).
Ik haw him doe kennen leard as in treflike oersetter en in treflike kollega. We hawwe yn dy tiid in soad kontakt hân, en ik kin wol sizze dat der in freonskip ûntstie dy’t folslein basearre wie op taal en literatuer. Sa’t Harmen de tinzen fan it jonkje De Lytsk oersetten hat is ûnneifolchber.
De oersetting Kikkerjaren fan Harmen Wind die mei yn de rees om de Fryske oersetpriis. De folslein Frysktalige sjuery foel oer dichterlike neologismen yn it Nederlânsk. Harmen Wind hie Nederlânsk studearre en joech dat ek op de middelbere skoalle, iksels studearre Nederlânsk MO-A en -B fan 1971-‘79, joech ek Nederlânsk op in middelbere skoalle, mar neffens de sjuery behearsken wy dy taal net goed genôch. We ha der smaaklik om lake.
Sûnt it begjin fan syn sykte foarich jier skille ik Harmen sa om de trije wike. We praten oer syn sykte (net sa’n soad), mar foaral oer literatuer, oer nije plannen, oer nije gedichten en romans. Under skriuwers bestiet in soad oergeunst en kinnesinne. Tusken Harmen en my spile dat net. Wy hâlden beide benammen fan it fak – hy hie respekt foar my, ik foar him.