Josse de Haan

Hommaazje oan Harmen Wind

logo.ensafh

As hommaazje oan Harmen Wind publisearje ik hjir noch in kear myn persoanlik kommentaar yn in mail op syn prachtige roman Het Verzet/It Ferset:

HENDAYE, 9-12-‘02

Goemoarn Harmen,
do hast mei ‘Het Verzet‘ in oandwaanlik, mar ek in ûntheisterjend boek skreaun oer in man dy’t troch in dogmatyske ideology syn eigen ik foar in grut part yn tsjinst stelle moast fan de law en oarder fan in leauwe dat foar it minsklik gefoel net sa’n soad omtinken hie, en dêrtroch de soan it ark joech om al stridend in eigen wei te gean. Chapeau!
Dit is gjin miening fan in ateïst – dy’t ik fansels bin – mar in kommentaar fan immen dy’t him nettsjinsteande fuortkommend ‘út de weareld’ dochs identifisearje koe mei de sitewaasje fan de twa haadpersoanen. Ik ha my ôffrege hoe’t dat mooglik is dêr’t ik net opgroeid bin yn in godstsjinstich fermidden, dêr’t net elke dei de bibel foar’t ljocht kaam (noait). Dy wrâld bestiet net foar my. Want dat is hjir foar my it ynteressante: ik sjoch yn de heit ús heit, ik sjoch yn de soan mysels.

Ik haw dyn roman dit wykein lêzen, en der fannacht doe’t ik him út hie noch in skoft oer neitocht. Myn konklúzje is dat de sosjale libbensomstannichheden, lit ús sizze it lytsboargerlike fan de wurkjende klasse dat ik ek sa goed werken, úteinlik wichtiger binne yn in opgroeiproses as politike of godstsjinstige útgongspunten. Ik ha it hjir mei Trinus ek wol ris oer hân, dy’t lykas do en ik sawat op deselde wize opgroeid is. Dêr’t de heit yn dyn roman mei bibelteksten wurket – en dus himsels bûten skot hâlde kin – dêr wurke us heit gauris mei politike teksten dy’t faak ticht by de réaksjonêre ûnderdrukkende wrâld sieten. Ik wol net sizze dat it in soarte fan fassisme wie, mar it patriargale út de 19e ieu wie der wol mei anneks.
En wat hâlde sa’n godstsjinst (of polityk) úteinlik yn? Folgje, sitearje en alle eleminten fan in eigen gefoel skrasse.
Ik fyn it in ferriking foar my te lêzen hoe’t sa’n gesin oan de oare kant fan ‘de weareld’ eins op deselde wize dwaande wie as myn eigen nêst yn de weareld. Us wegen binnne kranksinnich genôch foar in grut part parallel gongen, nettsjinsteande de grutte ferskillen yn achtergrûn. Wol elke kear mei de konstante fan de arbeidersklasse.

De diskusje oer de aksje fan it IKV is foar my tige werkenber. Hokker arguminten jo ek nei foaren brochten, it joech gjin reet, de ôfstân bleau. Op ‘t lêst bestiene der yn myn gefal hast gjin ûnderwerpen mear dêr’t wy oer prate koene. Sadré’t us heit earne oer begûn dêr’t er fan wist dat ik der oars oer tocht, dan melde ik al yn ‘t foar dat wy oer dat ûnderwerp mar net mear prate moasten. Us mem siet der faak by mei de senuwen yn de keel. Dus…
Ja, de roman sprekt my oan. Ik tink ek datsto in goeie foarm keazen hast: it no, de oantekens, werom nei it doe, en dan soms kommentaar. De skildering fan sa’n tehûs is skerp, mar terjochte. Ik ha itselde meimakke yn ’98 doe’t myn beide âldelju yn sept. en des. stoarn binne yn in tehûs yn Harns. Dy domme trutten dy’t yniens macht hiene oer dy âlde stakkers, en se behannelen as lytse bern. Dom, dom, domheid is it slimste wat der bestiet. Dan ferdwynt alle respekt.

Homme Wisch, de mins (man) dy’t wis fan syn wrâld (de wrâld?) wie, en troch syn bibelsitaten alles ferklearje kin, mar op ‘t lêst as it ûnthâld minder wurdt omtyske hat yn in lege huls en op ‘e doele rekke. Syn ferset, it ferset fan de soan oangeande de morfine, en tagelyk de fraach wat noch minsklik is en wat net… Ja, sterk, in tige oangripende gefoelsmjittige sêne. De beslissing wanneart jo ja sizze tsjin dy kâlde trutsjes mei griene eagen, dy domme einen foar wa’t in mins noch minder is as in baarch. Ja, sa leit de wrâld derhinne.
Mei us mem haw ik itselde meimakke, en ik moast doe ek noch opbokse tsjin in domme broer, dy’t bang wie foar de dea, foar it deagean en dus daalk mar spuitsje woe (en syn wiif, noch dommer as de truttten dysto beskriuwst).

Ik hie dy al wat kennen leard mei de oersetting, en ik begryp no hoe’t wy sa goed gearwurkje koene. Dyn boek en myn boek hawwe itselde útgongspunt, hawwe deselde gefoelslagen, en jo kinne hast sizze dat se elkoar oanfolje, om en om. Dat is poere winst.
Dyn roman jout foar my yndirekt ek oan hoe’t lju (de heit yn dit gefal) út sa’n wrâld reagearje op bgl. in ateïst as ik, of op boeken dy’t ik oait skreaun haw (ik praat hjir oer kritisy út it ferline dy’t yn inselde wrâld sieten). En wa wit hat in Veenbaas ek noch lêst fan syn achtergrûn (ôfgeande hoe’t er kotst fan Marx, Chomsky en Lolle Nauta). Do hast dyn eigen identiteit befochten, en bist dus riker wurden, rommer ek.
Ik tink as ik dit boek lês dat bgl. in man as de heit mei mear oplieding, mear romte yn himsels, dat ek kinnen hie. Der binne oerienkomsten.
Ik hoopje Harmen datsto ynfielbere resinsinten krijst dy’t net allinne weet hawwe fan sa’n ortodoks gesin, mar foaral each ha sille foar de arbeidersklasse yn dy tiid. De sêne mei it jildpûdsje kin allinne mar begrepen wurde as jo it sels meimakke hawwe. Gjin telefoan, gjin waskmesjine, gjin auto, gjin does, gjin toilet, ensf.h. ensf.h., ja, it kleuret jo hele libben (it grutte ferskil mei in Tjitte Piebenga yn Peins, dy’t soks noait begripe sil).

Ik bin bliid mei dit boek. Ik besef no ek datsto eins de iennige wiest dy’t myn roman oersette koe en dat wy der sa aardich oer maild hawwe.
Mei Tsjerk Veenstra haw ik noch maild oer de opmerking dat it Nederlânsk net altyd goed wie. Ik haw him sein dat wy oer s.n. ‘Frisismen’ diskusearre hawwe, en dat ik soms yn myn basistekst wurden brûkt hie dy’t yn it Nederlânsk foar in part weromkommen binne. Soms bewust in bytsje ôfwikend fan it ABN. Mar do hiest it lêste wurd.
Hy hat my werom maild dat it spitich is dat se dat net wisten, dat se wol in fermoeden hiene, mar dat soks net ferantwurde wie yn it boek, As dat sa west hie hie Kikkerjaren de Fryske oersetpriis hân!. Lefferts, skoalmasters lykas dy broer fan de heit, dus.
Nochris lokwinske mei dyn boek,

mei hertlike groetnis, Josse

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *