
by it ferskinen fan nûmer 100
freed 28 septimber 2007
DIT IS NET FARSK 100.
Dus is dit ek net it foaropwurd fan Farsk 100, want jo lêze no inkeld de ‘ankeiler’ dêrfan.
It iennige echte nûmer 100 ferskynd hjoed yn print en leit as ‘jubileumspecial’ yn de bettere boekwinkel op jo te wachtsjen.
Jawis, dat is Farskredaksjehumor: Meitsje 99 frij tagonkelike ynternettydskriften en stjoer de lju foar nûmer 100 de dyk út.
No ja, toe dan mar: digitaal bestelle en betelje kin ek: hjir. Mar wês rap, Farsk 100 is in echte limited edition en op is op!
Der binne wol 100 redenen om dit nûmer te keapjen; om jo enerzjy te sparjen foar it lêzen fan it echte tydskrift hjir in stik of wat:
- It tydskrift hat it kiteljende tema en begjint sa:
LITERÊR FRYSLÂN RABBET NET!?
In fleurige redaksjegearkomste oer dit Farsk jubileum nûmer 100 smiet in geweldich tema op: Literêr Rabjen. Foar kompromittearjende bylden betochten wy de Rabbelskûter (© Farsk!), dy’t mei telelins luorkje soe op Josse…
- Troch nei 99 gratis nûmers foar it 100ste nûmer € 4,50 te beteljen stypje en motivearje jo de Farskredaksje en meiwurkjende -skriuwers om troch te gean!
- Mei 46 siden tekst betelje jo noch gjin dûbeltsje de side en dat foar Fryske literatuer!
- De list fan meiwurkers oan Farsk 100 is yndrukwekkend en hat bekende en nije nammen. Sjoch de list hjir links mar ris. Wat is de rol fan Sibbeltsje? Wa is Al R.?
- As lêzer fan al dit moais meitsje jo ek noch in ekstreem grutte kans om 100 euro riker te wurden. Binne de lytse print-oplagen fan Frysk Literêre Tydskriften foar skriuwers gjin fetpot, foar jo as lêzer jout it fansels it foardiel fan in KOLOSSALE winkâns! (Besjoch de fotofragen [hjir] útfergrutte om it noch makliker te meitsjen. Om mei te dwaan moatte jo it blêd keapje.)
- Lis dit blêd prominint midden op jo salontafel -boppe op Hjir en de Moanne, foar dizze iene kear! Mjit josels mei wat dit útstrielt dan breedút in eigen Nije Farskfrisse-hip-coole Identiteit * oan. De bysûndere foarmjouwing fan Jelle F. Post út Grins docht dat mei jo.
(* Is it in Fryske? – Lekker hielendal sels witte of jo dit befestigje of ûntkenne sille.)
- Lit alle digibeten ûnder famylje, freonen, kunde en Fryske skriuwers dy’t mar net mei de tiid meiwolle dizze unike Farsk-spesjal sjen en beklamje!!! dat it oanbod op www.farsk.nl de oanskaf fan Ynternet folslein rjochtfeardiget, om net te ferplichtet. En dat al al fjouwer jier en 100 nûmers lang!
- Dizze Farsk 100 is as rabbelblêd folslein ‘polityk korrekt’, want útjûn mei Provinsjestipe (by Bertus & Jannewietske). It is echter mar de fraach of nûmer 101, (wer gewoan digitaal oer twa wiken) dy beneamming ek krije sil…