
Poëzij
De poëzij is diskear wer fan Ruurdtsje de Haan dy’t trochset mei har nijsgjirrige Escher-rige.
Ek Tigchelaar leveret diskear in bydrage.
Kollum
De wenstige kollums binne wer fan Willem Winters, no mei syn frou. Sokke pepsels haw ik noch nea hân, wol ik leauwe. Dat wie dan ek justjes foar myn tiid.
En Skermer hat mear as samar in oprisping!
Besprek
Eric Hoekstra hat de oersetting fan Jules Verne, In wrâldreis yn 80 dagen, besprutsen.
Reisferslach
Ulke Brolsma is wer op reis en sil fan syn avontoeren elke edysje in reisferslach fersoargje. Diskear is er yn Yndia. It lân hat twa kanten.
Oersetting
In frije oersetting fan in gedicht fan Zhao Yi troch Piter Boersma. Dêr kinne dichters noch wat fan opstekke.