
‘Wat binne der doch bysûndere minsken op ‘e wrâld,’ tocht ik, doe’t ik yn ‘e kunde kaam mei Garmt de Vries-Uiterweerd. Hy skille my op mei fragen oangeande syn plan en lit in Fryske oersetting meitsje fan Le Tour du monde en quatre-vingts jours. Oft der in Frysk wurdboek wie. Ja, dat wie der. Hoe koe hy deroan komme? Hy koe it bestelle by de AFUK. De AFUK? Ja, op ynternet te finen op afuk.nl. En sa mear oer mooglike oersetters en oer subsydzjemooglikheden.
En letter skille er my nochris mei de fraach wat de regels wiene foar Fryske wurdôfbrekking, dat doe stjoerde ik him in scan fan de rillevante siden út Rienk de Haan syn griene boekje foar it Frysk Mei freonlike groetnis. No, en doe hat er alles regele en in jier letter wie it klear, en koe op in jûn by Tresoar it boek presintearre wurde, oerset troch Syt Bakker-Palma en útjûn troch it Jules Verne Genootschap, jules-verne.nl. In inisjatyf dus fan in Hollânske feriening om ta in Fryske oersetting te kommen, want Verne wie noch net yn it Frysk oerset.
It is in moaie útjefte wurden, mei alle oarspronklike gravueres. It is it ferhaal fan in weddenskip. De Ingelskman Phileas Fogg moat mei syn feint Passepartout yn 80 dagen om ‘e wrâld reizgje. It is in spannend ferhaal, mar it seit ek in protte oer de 19e ieu mei syn foarútgongsoptimisme en mei syn paradoksale kombinaasje fan kosmopolitisme en fan leauwe yn Europa’s superioriteit.
Aardich om te fertellen, sa’t yn it foaropwurd fan Piet Akkerman stiet, is dat Verne it ferhaal earst as toanielstik opskreaun hat. Mar gjin teaterdirekteur woe it opfiere. Doe werskreau Verne it as in roman, en dat waard yn 1873 in grut sukses. Dêrnei makke Verne der wer in toanielferzje fan en dy waard fansels ek in grut sukses: de roman as oanjeier foar it toaniel.
Oer it ginneraal is de oersetting tige slagge. Dochs ha ik hjir en dêr in pear bonkjes fûn, dy’t ik koart besprekke wol. It binne gefallen dy’t net Frysk hearre, bytiden giet it dan om wurd foar wurd oerset Hollânsk of Frânsk. Of it binne gefallen dat der in gever Frysker alternatyf is, al is wat der stiet net streekrjocht ferkeard, dus net ‘rjochtstreeks’ mar ‘streekrjocht’, net ‘oant straks’ mar ‘oant aansen’. Hjirûnder neam ik in tal fan ditsoarte gefallen.
‘Mar oant no ta hie it lot him ûngeunstich tadien west.’ (5) Dat heart net as goefrysk. Better hie west: ‘It hie him net meiwierre.’
‘de geskiktste rechercheurs waarden nei de wichtichste havens stjoerd.’ (13). Bedoeld wurdt ‘de betûftste resjersjeurs’ of byneed ‘de gaadlikste resjersjeurs’.
Immen dy’t wat perfoarst net wol, seit ‘Dat ik derfoar bewarre bliuwe mei!’ (15). Hjir wurdt in emosjonele negaasje bedoeld, lykas ‘Yn gjin hûndert jier’, of ‘Ik sil wol wizer wêze’.
‘It bleau in ôfstanlike man.’ (41) => ‘Hy hold him op in ôfstân.’
‘Hy berêste der dus yn.’ (42) => ‘Hy joech him derûnder del.’
‘it jier wêryn’t (47) => ‘it jier dat’
De konstruksje mei ‘wêryn’ by tiidbepalingen is in hollanisme dat krantelju wol gauris brûke, en faaks hat in skriuwer fan it kaliber fan Durk van der Ploech it yn dat fermidden ek skipe.
‘ûntsachlik’ (56) => ‘ûnbidich’
‘It lei der besiedde mei’ (65) => ‘It tilde der op fan’
‘útput’ (65) => ‘oan reapsein, skjin ynein’
‘takken’ (67) => ‘tûken’
‘donker’ (71) => ‘tsjuster’
‘ta grutte teloarstelling fan de gids’ (73) => ‘it foel de gids nuver ôf dat’
‘se mingden har ûnder de efterste rigen’ (76) => ‘se joegen har by’
‘uterst ferwaarloaze’ (83) => ‘suterige’
Dat ha ik fûn op de earste hûndert siden. It binne mar lytse puntsjes. Oan de positive kant woe ik neame dat der in protte YPY’s yn de oersetting steane, in konstruksje ynlaat troch EN folge troch de keale foarm fan it tiidwurd. In foarbyld stiet op side 87: ‘Phileas Fogg wie fan doel en rin fuortdaliks nei it passazjiersskip fan Hong Kong.’
Gearfetsjend, it is oer it ginneraal in tige slagge oersetting.
Moai is ek dat de oarspronklike gravueres yn it boek opnommen binne, ynklusyf in wrâldkaart mei de route fan Phileas Fogg. Yn in foaropwurd giet Piet Akkerman yn op de ûntsteansskiednis fan it boek en de ynfloed derfan.
Jules Verne
In wrâldreis yn 80 dagen
Oerset troch Syt Bakker-Palma
Paperbackútjefte fan 258 siden mei alle gravueres út de oarspronklike Frânske útjefte
In útjefte fan it Jules Verne Genootschap
Ferkeappriis: 17,00 ( leden fan it Jules Verne Genootschap en non-profit organisaasjes sa as skoallen: 14,00)
ISBN: 978-90-78363-16-3