
Ik bin foar de arbeiders en de gewoane wurknimmers en ik bin tsjin oandielhâlders, bankdirekteuren, bedriuwsbestjoerders, kommissarissen, managers en politisy dy’t it om jild en besit te rêden is.
Ik stean oan de kant fan de minsken dy’t yn de maatskippij net meikomme kinne.
Ik ha dêrta in nije politike beweging oprjochte, in beweging dy’t spuit op en striid tsjin it allerhillichste útgongspunt fan hjoeddedei: winst meitsje, mear garje as nedich is.
Myn beweging wol ta op in goed en ienfâldich bestean foar elk minske.
Wannear hat men in goed bestean? As jins sosjaal libben – it op in beskate wize meidwaan yn it maatskiplik libben, it meidwaan oan guon ferdivedearjende en aardige saken – net yn ’e wei stien wurdt troch earmoede. En de maatskippij soe sa ynrjochte wêze moatte dat sa’n libben foar elk minske weilein is.
Wat my oanbelanget kin in maatskippij himsels pas rjocht yn ‘e eagen sjen as elk minske meidwaan kin, as gjin minske bûten spul stiet.
De beweging dy’t ik oprjochte ha is rjochte tsjin ’e ôfbraak fan de fersoargingssteat, tsjin it egoïsme en de ynklauwerichheid, de ‘ikke en de rest kin stikke’-mentaliteit, dy’t yn it earste desennium fan dizze ieu in hieltyd gruttere flecht nommen hat.
Net de winsten foar de oandielhâlders soe it om gean moatte mar om ynkommen en wurk foar de gewoane man en it beskikber krijen en hâlden fan jild foar dy’t him net rêde kin.
Salang’t earmoede en achterstân yn ’e wrâld hearskje soe elk net mear jild om hannen ha moatte as wat er nedich hat foar in ienfâldich bestean en in gewoan sosjaal libben.
Ik wit net wat de kearn fan de minske is, mar fan in minske soe de kearn net wêze moatte dat er de oar oan kant reaget, ferneatigje wol, dat er mear en mear ha wol, dat it syn oertsjûging is dat alles fan him heart te wêzen, dat er ryk wêze mei yn in wrâld dy’t ek earmen telt.
De beweging dy’t ik oprjochte ha hyt ‘Neat is fan my, neat is fan in oar’.
De beweging krijt ynkoarten in politike earm.
Dy politike partij sil yn maart meidwaan oan ‘e provinsjale ferkiezings.
Wa’t meidwaan wol kin him by my melde.
Dit is gjin oprisping, dit is sa’t it libben yn my kloppet.