
op skouders fan ús foarfaars bonkich en krebintich sjogge dêrmei efkes fierder handich sykjen ferrast yn de kroech bist de kenner fan saken sa futyl it útwreide brein tinkt mei troch google en wikipedia meitsje neuronen oeroeren hjoeddeiske generaasje is dommer as de foargeande alsa it klupke fan Rome