Jouke Hylkema

De ûntdekking fan ’e himel

logo.ensafh

In wike as wat lyn, stie it yn alle Fryske kranten: ‘Hijummer boer/stjerrekundige Roelofsz as earste Fries nei de moanne!’ Oan ’e hân fan dat nijs, hie ik in petear mei him.

‘Is it net sa dat Wubbo Ockels fiifensantich jier werom, yn 1985, ek al ris op ’e moanne stien hat?’
‘Nee Hylkema, dêr binne jo mis mei; Ockels hat nea op ’e moanne west, en twads; hy kaam út Almelo! De man hat doedestiids de romte yn west om wat biologyske, medyske en technologyske proefkes te dwaan, in bytsje om ’e ierde hinne sweve en wat omnifelje… mear net eins, hiel wat oars as wat wy op stuit ûndersykje!’
‘Mar der is wol in planetoïde nei him neamd!’
‘Och ja, sa’n lyts prutsdinkje mei in trochsneed fan sân kilometer, earne tusken Mars en Jupiter yn… je neame sa’n púnbult dochs net ‘Ockels’! Ik neam myn melkfee dochs ek net Roelofsz?’
‘Ja, ho ris eefkes, in ko is dochs gjin planetoïde?’ murk ik tûk op.
Roelofsz: ‘Hmm… dêr soe ik net al te wis fan wêze as ik jo wie!’

Frjemd, tocht ik, dat in heechsteande man as Roelofsz him sa lytsachtsjend útliet oer Ockels, it wie dochs in wierheid as in ko dat de man in grut útfiner, astronoom en heechlearaar west hie. Hawar… it ûnderwerp Ockels moast ik mar rêste litte.

‘Mar jo hienen it yn alinea trije oer “wat wy ûndersykje”, wa binne wy?’
‘O, dat soe ik hast ferjitte te sizzen; dat binne kwantummeganikus, Professor Dr. Arie Knekel út Leiden en ik, wy sille aanst wer foar in healjier nei in moannestasjon.’
‘Toemar… nei in stasjon op ’e moanne… famylje fan âld-kreasjonist Dries Knekel?’
‘Ja… omkesizzer fan…’
‘Mar wat ûndersykje jimme dan?’
‘Tiid…!’
‘Tiid sizze jo…?’
‘Ja… de tastân dêr’t wy minsken ús net, en tagelyk wol bewust fan binne, sis mar.’
‘Bedoele jo it ûnderskied tusken meganyske en gefoelsmjittige tiid?’ sei ik om in yndruk fan noch mear deskundigens te jaan.
‘Soksawat, mar dan neffens de prinsipes fan ’e relativiteit, sis mar.’
‘Ah nijsgjirrich…’ hear ik mysels sizzen, ‘sels rin ik al aardich nei de hûndert, mar dochs fiel ik my noch altyd sjoernalist, ik kin relatyf noch goed meikomme!’
‘Hmm… mei relativiteit hawwe wy dochs wat oars foar eagen. Sa hawwe Professor Knekel en ik bewiis fûn dat de minske net mear is as in ynterpretaasje fan eigen tiidsbesef. Sterker noch… it kin wêze dat jo en ik hielendal net bestean!’
‘Net bestean…? Wat krije wy no? Ik doch dit wurk ommers al santich jier!’
‘Ja, dat kin wol wêze, Hylkema, mar nochris… de molekulêre tichtens op ierde is evenredich oan jo foarstellingsfermogen.’
‘Mar wol dat sizze dat ik yn ’e romte gjin weet hawwe soe fan myn sjoernalistike fermogens?’
‘Dat soe kinne ja… Wy binne al fier yn it ferjitten fan ús eigenskippen! Wy besteane hieltyd minder… Knevel, eh, Knekel en ik!’
‘En hoe fielt dat dan?’ freegje ik nijsgjirrich, ‘is dat net beëangjend?’
‘Wolnee… wy fiele ús dêr poerbêst by… folslein lokkich sis mar.’
‘Lokkiger as op ierde?’
‘Och heden ja, folle lokkiger.’
‘Begryp ik dat jimme beide in metafoar fûn hawwe foar de himel?’
….

‘Roelofsz!?’