
Is der noch in bewyske oan wissichheid oer no’t alle postkantoaren ticht geane, no’t de AOW faai stiet en jo sparsinten nei gychem binne troch de kredytkrisis.
Dêrmei hâldt it net op. Yn de Ljouwerter fan 6 febrewaris stie in berjocht dat noch folle djipper op de Fryske minske ynwurkje sil.
Undersiker [TNO] Henk Kombrink seit yn syn proefskrift dat wy op in tafelberch wenje. Dat is sa’n platte berch, dêr’t de top ôf mist. In tsjokke laach klaai, modder en sân der oerhinne, dêr libje wy boppe-op.
It moatte de oerâlde Friezen west hawwe dy’t sa’n wjeraksel hiene tsjin in berchlânskip, dat se mei har allen, skouders der ûnder, de pieken der ôfslein ha en dy op ’e kop yn it dal pript hawwe. Dêr’t it net goed oansleat, waarden de kieren opfolle mei grús. En doe dy grûn der oerhinne, sa krigen wy in bouhoeke en in greidhoeke.
Dat ferhaal út de oertiid wie weirekke, mar Kombrink is der wer mei op ’e lappen kommen en noch wol op wittenskiplike grûnen.
Wy libje op in berch!
Wy libje op in berch!
Wy libje op in berch!
Faaks dat der noch ris ien west hat, dy’t der aan fan hie, sa as Obe Postma dy’t yn syn gedicht ‘Ein’ in bytsje kryptysk – mar dochs – skriuwt:
‘Fier oer de bergen it ljocht dat ea
Ut fergûne sinne blonk
Troch de beammen in rûzjen fan ivichheid,
Dêr’t al wat wie fersonk’
Wat hie Postma mei bergen?
Kombrink hat it antwurd jûn.
Us dichters besjonge it platte lân, de romte, it eachweid, it útsjoch, fiere kimen. Dêr giet it by harren om. En by ús. En no samar yn ien klap bergen. Dat moat even wenne.