Jouke Hylkema

Ophef(fe)

logo.ensafh

‘Jo tinke oan in wittenskiplike oplossing foar it mystearje, professor?’
‘Wêr tochten jo dan oan, Hylkema!?’
‘Ik haw der gjin sjoege fan… yn alle gefallen liket my in ferwizing nei it geasteryk net foar de hân lizzend!’
‘Soks tinkt my ek… nimmen leaut hjoed de dei noch yn geasten… útsein Uri Geller… Andries Knevel… Char!’
‘Haha… professor… kostlik… de hypoteze is noch altyd fan it sûne ferstân hear ik wol!’
‘Wittenskip is wittenskip… ik wol ta op in ferwizing nei de levitaasjemetoade!’
‘Levi… wa?’
‘De Levitaasjemetoade… ‘levare’ betsjut ‘opheffe’ yn it Latyn. Ik haw in proefopstelling makke yn ’e oare keamer, kom mar eefkes mei.’
Wy rinne nei de oare keamer.

‘… Dit hjir?’
‘Jo sjogge dat ik op ’e flier acht spegels yn in rûnte foar mekoar oer setten ha. It sinneljocht falt op in punt binnen de sirkel, en dan ûntstiet der in dynamyske tastân… in magnetysk fjild… en sa as jo miskien noch witte fan ’e natuerkundeles hat in feroarlik magnetysk fjild altyd útwurking op in fjild mei elektroanen.’
‘Sadat der in krêft ûntstiet?’
‘Krekt.’
‘Komme wy dan net op it mêd fan ’e kwantummeganika?’
‘Sokssawat, soks moat ek yn it grêf oan ’e oarder wêze!’
‘Mar hoe kin in grêfstien in meter opskowe yn in pear sekonden?’
‘Dat kin troch it diamagnetysk magnetisme dat ûntstiet troch de spegelwurking… de wanden yn ’e tombe binne fan spegelglês, oars soe der gjin permeabele tastân ûntstean kinne!’
‘Dat lêste giet my boppe de pet. Hoe kin it ljocht dan yn sa’n tombe komme…? Wa lit der no yn syn of har tombe spegelglês ynbouwe?’
‘Dat is wat ik hjoed noch útfiskje wol… der is mar ien mooglikheid om dêr efter te kommen… en dat is op nei Ealsum… Hawwe jo it jûn oan tiid?’
‘Jûn…?’

De jûns in oerke riden fan Boalsert, efter in grêfstien op it tsjerkhôf fan Ealsum:

‘Ik tink dat de measte minsken yn it doarp om kertier oer alven jûns wol op bêd lizze, soe ’t net?’
‘Lit ús noch eefkes wachtsje professor, ik ha der gjin ferlet fan om as ferslachjouwer betrape te wurden nachts op in tsjerkhôf!’

Sawat trije kertier letter:

‘Hast tolve oere. Sille wy mar? Wêr is dat grêf trouwens Hylkema, witte jo dat?’
‘Sst professor… hearre jo dat ek…’
‘Wat?’
‘Ik hear immen oankommen!’
‘Hea, wa rint der sa let op ’e jûn noch oer in tsjerkhôf!’

In pear dagen letter kopte de Telegraaf dat de ferdwining fan beide Boalserters mooglik ferbân hâlde soe mei it mystearje fan Ealsum!