
Jan Boomsma stiet yn de moaie stêd Heidelberch by de baly fan it djoerste hotel fan de stêd. Hy is de moarns tegearre mei syn frou ôfset en ek mei har de Fryske grins oerstutsen, mar even foarby Apeldoorn sei se: ‘Jan.’
‘Ja, wat is der?’
‘It fljocht my ynienen oan. Ik wol graach datst dyn fatsoen hâldst. Ik wol net wer sa’n sêne. Ik wol my net wer skamje, sa as lêsten yn Grins.’
‘Dat witst wol, dêr falt mei my net oer te praten.’
‘Dan wol ik wer nei hûs. It is dy yn ’e kop slein.’
Hy wie omriden oer Arnhem om har by it NS-stasjon ôf te setten.
Doe’t se útstapte hie er sein: ‘Wolst ek in tút ha?’
‘Toe dan mar, ast ûnderweis dearekkest, ferjou ik it mysels net dat ik it net dien ha.’
‘Ik hâld wol fan dy,’ sei er.
‘Dat soe der ek noch by komme moatte, sokses dy’tst bist. Gean no mar.’
De resepsjonist fan it hotel seach op fan syn kompjûterskerm, gong nei Jan ta en frege wat er foar him dwaan koe.
Jan Boomsma frege yn it Frysk oft der noch in keamer frij wie.
De man sei, dat er it net ferstie en frege wat foar taal as Jan spruts.
‘Frysk.’
De kelner hie der wol fan heard en it klonk ek moai, mar hy koe it spitigernôch net prate.
‘Ik wol jo baas sprekke,’ sei Jan Boomsma yn it Dútsk.
‘Ik sil freegje oft er der tiid foar hat?’ sei de kelner en hy joech him ôf.
Trije minuten letter kaam der immen nei Jan ta.
‘Middei. Der wie in probleem, begriep ik,’ sei de man.
‘Binne jo de baas?’
‘De manager.’
‘Ek goed. It giet hjir om: ik wol net yn it Dútsk oansprutsen wurde?’
‘Wy prate hjir Dútsk,’ sei de manager, ‘as it net oars kin wolle wy ús wol ferbrekke, mar dat is hjir de gewoante net. Wêr komme jo wei?’
‘Net út Dútslân, ik bin gjin Dútser. Ik bin in Fries. Ik kom út Fryslân. Ik praat Frysk. Ik soe graach even skilje wolle.’
‘Dat kin,’ sei de manager, ‘kom mar mei.’
Jan draaide it nûmer fan de Kommissaris fan de Keninginne.
‘Ha John, ik skilje dy út Dútslân wei.’
‘Do klinkst as is der wat te rêden. En do praatst foar de feroaring Frysk tsjin my. Ja, sokke dingen falle my daliks op, dat witst.’
‘Dat sil bêst, mar do moatst fuort yn ’e pinne om by Merkel protest oan te tekenjen.’
‘Hoesa? Wêr tsjin?’
‘Moatst begripe, de kelners prate hjir op it terras Dútsk tsjin my.’
‘Ik wit net, no giest tink ik te fier.’
‘Dat sjochst ferkeard, John, ik bin konsekwint.’
‘Jan,’ sei John Jorritsma, ‘lit dyn personiel yn Post Plaza asjeblyft wer Frysk prate, want dit gedoch fan dy, dêr ha ik echt gjin nocht oan. Do slachst troch.’