
Diskusje oer boekewikegeskink op eduFrysk
Op eduFrysk.nl (online learomjouwing mei sosjaal netwurk om Frysk te learen) is op dit stuit in diskusje geande oer de skriuwers fan it boekewikegeskink Feestlift. Hjir en dêr ferskine de earste foarsichtige listkes mei nammen. Neffens Jetske Bilker: Albertina Soepboer, Lida Dykstra en Koos Tiemersma.
Teake Oppewal is foarsichtiger en giet net fierder as in man/frou ferdieling fan ‘e ferhalen: ‘In skriuwer kin him wol ferklaaie yn in personaaze fan de oare sekse, mar ik tink dat dat minder faak foarkomt en drege is om oertsjûgend te dwaan. Ferhaal 1 hat nei myn smaak in tige trochlibbe froulik perspektyf. Ferhaal 4 op deselde wize in manlik perspektyf. Dus dêrmei ien frou en ien man te plak brocht.’
Meidiskusearje kin troch yn te loggen op www.edufrysk.nl en lid te wurden fan ‘e groep Feestlift. Typ de namme ‘feestlist’ yn op de sykbalke boppe, selektear groep ynstee fan brûkers, klik op ‘go’ en meld dy oan.