Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Snein lêstlyn wie der wer in Literêr Sirkwy, dêr’t in gefolch fan hjir op Poadium stiet: Edwin de Groot mei syn Roomske Monolooch. De tsjerke yn Poppenwier siet grôtfol. Dat betsjut neffens my dat de literatuer libben is. It soe dêrom ferrekte spitich wêze as troch besunigings en wat al net dêr gjin jild mear foar wêze soe. It kulturele klimaat soe dan útstjerre. En dan om ‘e 14 dagen in nije ôflevering fan ensafh op ynternet. En it is net allinnich mar in spultsje fan âlde lju, dat bewiist de debutante Sigrid Kingma mei har gedicht Tiid, myn maat. ‘Wit immen hoe let it is?’ wat de besunigings oanbelanget? Wat de werklike útwurkingen wêze sille, is altyd ôfwachtsjen.

Poëzij

Sigrid Kingma, dy’t earder al mei in stik oer Sirkwy yn ‘e rubryk Poadium kaam (yn gearwurking mei har mei-studinten) hat har dichterlike ier no iepenset.
Jan Kleefstra dichtet: ‘de ferlieding sil moarn in ferske wêze.’ En sa kinne wy no Kraenlannen yn dizze nije ôflevering fan ensafh lêze.

Kollum

Willem Winters skriuwt oer de froulju fan Theo van Doesburg en harren dadaïstyske fersen.
Skermer lit ús in blik werpe op ‘e wrâld fan de romrofte Che Guevara troch de eagen fan Ernesto.

Multimedia

De filosoof en tekener Hindrik Wiebe Rinzema leveret mei de dichter Geart Tigchelaar wer in nije ôflevering fan Wiere Wurden. Men freget jin ôf hoe’t Rinzema yn syn drok libben yn Meksiko dêr tiid foar fynt.

Reisferslach

Ulke Brolsma komt mei syn twadde reisferslach oer Yndia. Dêr’t in breidsskat in moaie opstekker wêze kin. Al is it noch de fraach oft dy breid sels wol sa’n skat is.

Besprek

Boersma besprekt de wûnderlike bondel fan Jouke Hylkema Op ‘e kofje yn ‘e kosmos.  ‘It is in wûnderlik ferhaal en dat ferhaal is getten yn in wûnderlik tekstgehiel.’

Oersetting

Andries Miedema hat it gedicht Feest fan Slauerhoff oerset.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *