Skermer

De Wei fan Ernesto Che Guevara (1928-1967)

logo.ensafh

che-yn-1951

che yn 1951

Ut Reisoantekens 1), it ferslach fan in reis op ‘e motor troch Latynsk Amearika dy’t Ernesto yn 1951-1952 makke mei syn freon Alberto Granado (it begjin):

‘Dit is net it ferslach fan yndruk meitsjende heldedieden, mar it is ek net allinne mar in ‘wat synysk ferhaal’; sa is it alteast net bedoeld. It is in haadstik út twa libbens dy’t op dat stuit in skoft mei-inoar op gongen, mei mienskiplike aspiraasjes en dreamen. In minske kin yn njoggen moanne fan syn libben oan in protte dingen tinke, fan ferheven filosofyske bespegelingen oant de leech-by-de-grûnske langst nei in board sop, al nei’t er de mage fol hat of net; en as er dêrby ek noch in bytsje aventuerlik ynsteld is, kin er yn sa’n snuorje mominten trochmeitsje dy’t faaks ek foar oaren nijsgjirrich wêze kinne en dy’t foar de fûst wei opskreaun, sa’n bytsje de ynhâld foarmje fan dizze oantekens.’

che-op-in-ezel-yn-1958-yn-cuba

che op in ezel yn cuba yn 1958

che-yn-1959-yn-cuba

che yn cuba 1959

Ut de rede Oer opoffering en opdracht 2), dy’t Che op 18 juny 1960 yn Havanna hâlde op in byienkomst fan arbeiders (it begjin):

‘In revolúsje as dy fan ús, in folksrevolúsje, in revolúsje makke troch de wil fan it folk foar it folk, kin allinne mar slagje as elke ferovering, elk stap foarút, dien is troch de hiele massa fan de mienskip, troch de hiele massa fan it folk. En om dy stappen te setten, en fol oertsjûging te setten, moat men weet hawwe fan it revolusjonêre proses, men moat witte dat dy stappen set wurde moatte, en dat mei oerjefte en blidens. En men moat ek witte, dat as men in offer bringt, men wit wêrom’t men it bringt, want de wei nei yndustrialisaasje, de wei nei kollektive woltier yn dizze tiid fan ekonomyske imperiums, is net maklik.’

Ut It deiboek fan Che yn Bolivia 3) (it begjin):

‘(7- 11 -1966) Hjoed begjint in nije etappe. Wy binne fannacht op ‘e pleats oankommen. De tocht is aardich goed ferrûn. Nei’t wy goed fermomme oer Cochabamba it lân ynkommen binne, ha Pachungo en ik ferskate kontakten lein, en wy ha de tocht yn twa dagen en yn twa jeeps makke.

Doe’t wy hast by de pleats wiene ha wy hâlden en binne wy yn ien wein oankommen om gjin erchtinken op te roppen by in lâneigner yn ‘e buert, dy’t rûnfertelt dat ús ûndernimming him  mooglikerwize mei de produksje fan cocaïne dwaande hâldt. Nuvergenôch is it krekt de net te bedjipjen Tumaini dy’t trochgiet foar de skiekundige yn ‘e groep. Op ‘e twadde dei fan ‘e tocht is Bigotes hast it ravyn ynriden, doe’t er fernaam wa’t ik wie. Hy hâlde noch krekt oan de râne fan ‘e ôfgrûn. Wy binne dêrnei noch tweintich kilometer trochriden, en nachts nei tolven kamen wy by de pleats oan, dêr’t trije meiwurkers fan de partij oanwêzich wiene.

Bigotes wie ree om mei ús gear te wurkjen, wat de partij fierder ek dwaan soe, mar hy bleau loyaal foar Monje oer, dêr’t er wurdearring en sympaty foar skynt te hawwen. Neffens him jildt itselde foar Rodolfo en ek foar Coco, mar ik ha tsjin him sein dat wy sjen moatte dat wy de partij safier krije dat dy ta de striid beslút. Ik frege him om de partij net yn te ljochtsjen foar’t Monje werom wie. Dy makke op dat stuit in reis troch Bulgarije en hy soe ús helpe. Bigotes ferklearre dat er mei beide punten akkoart gong.’

che-yn-bolivia-1967

che yn bolivia yn de rimboe

Ut It deiboek fan Che yn Bolivia (it slot):

‘(7-10 -1967) De alve moanne sûnt wy mei de guerrilla begûn binne, binne sûnder swierrichheden ferrûn. De moarns wie it suver idyllysk en wie der gjin gefaar, oant om healwei ienen in âlde frou mei har geiten yn it ravyn ferskynde; wy moasten har finzen nimme. De frou hat ús gjin inkele leauweardige ynljochting oer de soldaten jûn, se sei dat se it net wist, dat it lang lyn wie dat se dêr west hie … Om healwei seizen binne Inti, Aniceto en Pablito nei it hûs fan de frou ta gongen, dêr’t noch in dwerchachtige dochter mei in kropgeswel wie; se hawwe de frou 50 pesos jûn mei de opdracht om gjin wurd te sizzen, mar sûnder der op te rekkenjen dat se har oan har belofte hâlde soe. It leger hat frjemde ynformaasje jûn oangeande de oanwêzichheid fan 250 man yn Serrano, dy’t it útbrekken fan de 37 ynsletten guerillero’s tefoarenkomme moatte en dêrby it gebiet dêr’t wy hinne útwykt binne situearret tusken de Acero en de Oro. It berjocht liket in ôfliedingsbeweging. Hichte 2000 meter.’

De oare deis binne Che en syn mannen oanfallen. Che rekke dêrby ferwûne en waard finzen nommen. In ûnderoffisier krige de oare deis ynstruksjes om him te fermoardzjen, mar net daliks deadlik te reitsjen. Nei’t er him earst besûpt hie – en earst ek noch foar de moard weromskrille wie – skeat er mei syn mitrailleur fan boppen nei ûnder op Che, mar net op ‘e holle en it hert. Oan ‘e deastriid fan Che waard in ein makke troch in ek dronken sersjant, dy’t him mei in pistoal yn de linkerside skeat.

che-finzen-nommen-yn-bolivia

che finzen nommen

che-nei-syn-eksukaazje-yn-bolivia

che nei syn eksekúsje

1) Notas de Viaje (troch Che bewurke op basis fan syn oantekeningen en troch syn frou Aleida March de la Torre foar it earst publisearre yn 1993); Nederlânske oersetting: Op de motor door Latijns Amerika. Uitgeverij en boekhandel Van Gennep, Amsterdam 1994 (reprint as Rainbowpocketboek troch Uitgeverij Muntinga bv, Amsterdam 2000).

2) Ut de Ingelsktalige útjefte Venceremos! The speeches and writings of Ernesto Che Guevara (Edited by John Gerassi). Weidenfeld & Nicholson Limited, Londen 1968. It stik stiet dêr yn ûnder de titel ‘On Sacrifice and Dedication’.

3) El diario del Che en Bolivia (1968); Nederlânske oersetting: Boliviaans dagboek. Polak & Van Gennep, Amsterdam 1968.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *