Skermer

Sljocht op Ginko

logo.ensafh

Om my te dûsen brûk ik sjippe, hierwaskersguod en trije, fjouwer of fiif soarten dûssjel. Ik brûk ek altyd in gewoan stik Palmolive-sjippe. It hierwaskersguod is fan it merk Sanex en lyksa ien fan dûssjellen, sa’t ik ek Sanex foar ûnder ’e oksels brûk, Sanex-skearsjel en Sanex-aftershave. De oare en wichtichste dûssjellen dy’t ik brûk binne fan Kneipp. Dêr brûk ik de soarten Jeneverbei, Ylang-Ylang, Lavindel en Ginko fan. Ik dûs my yn alle gefallen altyd mei Ginko en Ylang-Ylang en de Sanex-sjel. Ik bin sljocht op Ginko, om’t dy sa allemachtich sacht is. Mar de lêste moannen kin ik Ginko net besette, by alle drogisterijsaken yn ’e stêd net.

Wêrom is Sanex myn merk? Dat is fan 1995 ôf sa doe’t Rintsje Ritsma as earste mei in kommersjele reedriidploech begûn en yn syn blau Sanex-pak syn rûntsjes ried en yn in reklamspot yn ’e baaikûp siet mei Marianne Timmer. Sanex spruts my daliks oan, fansels om Rintsje syn set en, tink ik, om it blauwe flak mei dêryn yn wyt it wurd Sanex mei in streek derûnder op ’e fierders wite ferpakking. It earste dat ik brûkte wie Sanex-hierwaskersguod en wat die doe bliken, it wie it earste hierwaskersguod dêr’t myn hier goed op reagearre. Doe wie de hikke fan ’e daam en kamen der oare Sanex-produkten by.

Mei de Palmolive-sjippe waskje ik ûnder de dûs de holle, earms en skouders, de Ginko brûk ik foar de skouders, earms, it boarst, de búk en it ûnderein, de Jeneverbei, dy’t goed is foar de spieren, foar myn heupen en skonken, om’t dy ekstra omtinken fan neden binnen, Ylang-Ylang en Lavindel eins allinne foar it boarst, om’t it de iennchste sjels binne dy’t ik noch rûk. De Sanex-dûssjel brûk ik altyd as lêste as ik it oan it neispielen ta bin, in kwestje fan hûnetrou.

Ik brûk trouwens trije soarten toskepoetsersguod – Paradontax-fluoride sjel, Prodent anty-toskstien mei witer en Meridol – mar net alle kearen alle trije, soms sels mar ien. Ik brûk trije soarten toskeboarstels: sacht, medium en hurd. Dy brûk ik alle kearen wol alle trije. By de toskeboarstels wikselje ik trouwens fan merk. Ik bin noch nea in toskeboarstel tsjinkommen dy’t my echt nei ’t sin is.

Wêrom is dat sa mei my? Myn soan fynt it frij dramatysk. Hy laket der om, mar tinkt ek, wêr moat dit ta liede?

Ik jou der lykwols graach oan ta en sis wolris tsjin myn frou dat ik der oer prakkesearje om myn assortimint út te wreidzjen. Winliken ploai ik my. Ik jou my der oan oer.

It sil op ’e ien of oare wize te krijen ha mei it âlder wurden. Wylst ik net minder op ’e bûtenwrâld rjochte bin as earder, miskien sels wol yntinsiver as earder, kin ik dochs ek hieltyd mear ta mei myn yntime wrâld. Myn lichem freget ek hieltyd faker myn omtinken. Der binne ûnderdielen dy’t minder wurde, slite of my sels hielendal yn ’e steek litte.

Wat der yn ’e wrâld te rêden is seit my noch genôch, mar noch minder as earder lit ik my der troch meislepe. Ik ha altyd as fansels net yn it foarste plak myn protest en ferûntweardiging yn stelling brocht mar my der op útlein om myn ding te dwaan, sa as yn dizze fase fan myn bestean it ta stân bringen fan in beskate yntimiteit foar my en myn lichem.

It hat fansels ek alles mei myn geast te krijen, mar geast en lichem binne ommers twa kanten fan deselde medalje, it meganyk dat ik bin en dat op himsels en op syn omwrâld reagearret.

Wat ik no tink? It sil dochs net sa wêze dat Ginko net mear makke wurdt. It is beslist net aardich om net mear te rûken, mar dat fleuchje fan Ginko-dûssjel fan Kneipp skuort my der troch. Hawar, dan moat ik mar mei allinne de lavindel tefreden wêze. Trouwens, ik tink soms dat ik Ylang-Ylang ek rûk.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *