
De FKP, in oarlochsstrip fan Skelte Braaksma
It ferhaal giet oer de ûnderfiningen fan trije freonen, dy’t as soldaat yn it Fryske leger, dielnimme oan de grutte slach by Grypstsjerk, tsjin it Grinzer leger.
Mei in bytsje tekst en detaillearre tekeningen fertelt Skelte de opkomst fan de Fryske Kommunistyske Partij [-] ûnder lieding fan Oane Sytsma.
Oane ropt de ûnôfhinklikheid fan Fryslân út. De driging dy’t fan syn bewâld útgiet nei de Grinzers is sa grut dat hja Ljouwert mei fleantugen oanfalle.
Dat lit Oane Sytsma net oer syn kant gean en ferklearret Grins de oarloch.
Skelte Braaksma [1995] begûn op syn fjirtjende oan dizze strip, wêrfoar hy hiel wat stúdzje dien hat. Want hy woe de bewapening, útrissing en ferviermiddels histoarysk ferantwurde tekenje.
De fakerneamde alâlde rivaliteit tusken Grins en Ljouwert jouwt ek no wer ynspiraasje ta in ferhaal. Skelte is sljucht op de wat âldere oarlochsstrips fanwege de stereotype dialogen en wendingen yn it [byld]ferhaal.
Foar Perio reden genôch om dit bysûndere wurk te publisearjen. Boppedat foarmet it stripferhaal fan Skelte it earste nûmer fan in nije searje boekjes ûnder de titel: Perio-Jonkies. Perio wol dêrmei de jongerein fan 0 oant 16, dy’t in bysûndere prestaasje levere ha, de mooglikheid jaan dêroer te publisearjen.
St. Uitg. Perio
Beethovenstrjitte 51
8916 GE Ljouwert