Sprankeskyn, Abe de Vries

logo.ensafh

Krekt ferskynd by de Friese Pers Boekerij:

de dichtbondel SPRANKESKYN fan Abe de Vries

Sprankeskyn is de fyfde dichtbondel fan Abe de Vries (Gysbert Japikspriis 2005). Yn dizze mânske bondel fan 96 siden spegelet er de wrâld fan syn lyryske leafdespoëzij oan de wrâld fan de religy en de taal fan de bibel. Njonken mear as 30 eigen gedichten binne ek eigen fotografy en 7 oersettingen opnommen (gedichten fan Osip Mandelstam, Pablo Neruda, René Char en Rainer Maria Rilke).

De trije fotosearjes yn Sprankeskyn binne troch de dichter sels makke mei model yn de midsieuske tsjerke fan Hantumhuzen en de Pier Pander Timpel yn Ljouwert, en nachts yn ’e auto ûnderweis yn it noarden fan Fryslân. De foto’s bringe in anty-fûnemintalistysk boadskip fan tolerânsje en frijsinnicheid en hawwe lykas de gedichten as tema it sykjen fan minsken nei eat dat boppe harren sels út giet: neam it wierheid, ljocht, leafde, skeppingskrêft.

Oaren oer earder dichtwurk fan Abe de Vries:

Dizze tekens fan de weromkommer steane yn it lân as reklamebuorden by de diken lâns, boadskippers fan pikefel om mem en taal en lân. (Tsjerk Veenstra)
*
Abe de Vries wie foar my in iepenbiering. Fan de nijste lichting haw ik syn stjer it heechst. (Eppie Dam)
*
Mar it dichterskip fan Abe de Vries, mear yn it bysûnder syn bondel In waarm wek altyd, stekt troch toan, tematyk en behearsking sa opfallend boppe it meanfjild fan ’e hjoeddeiske Fryske poëzij út dat wy him unanym en mei in protte nocht en wille foar de Gysbert Japicxpriis 2005 foardrage. (Michaël Zeeman, Klaas van der Hoek, Jitske Kingma)

Abe de Vries, Sprankeskyn (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2010)
ISBN 978 90 330 0958 7
NUR 306
96 siden, full colour, mei foto’s, winkelpriis 18,50 euro.

Foar mear ynformaasje: Friese Pers Boekerij, tillefoan 058 – 284 58 14
www.friesepersboekerij.nl

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *