Jouke Hylkema

Ezzemesse-aaisykjen

logo.ensafh

Tomke besiket fergees de toetsen fan syn mobyl yn te drukken. De hannen fan ’e âldman binne trochiere mei smoargens, it binne foarse hannen fan immen dy’t in libben lang by de boer wurke hat. It yl fan it jierrenlange bodzjen sit as plamuerkessentsjes oan ’e binnenkant. De fingers binne troch de jierren hinne suver opset as woarsten.

‘Wol it net?’
‘Nnn…nee..e, nnnet echt!’
‘Sil ik oars eefkes it berjocht yntoetse?’
‘Nnno… Jjawo… hear… Ttt..omke hat sok ke tsss… jokke ffingerss…’

It begruttet my ek wol wat om ’e âldfeint. Hellet er in nij mobyltsje út ’e winkel en dan docht bliken dat er net iens de funksjetoetsen yndrukke kin by it ezzemessen.

‘Hiene se net in tastel mei gruttere toetsen foar Tomke?’
‘Neu..nee..e’
‘Hat de ferkeaper jo wol frege om him út te prebearjen?’
‘Neu..eee.e’

Tomkes bernlike antlit mei de rûge foarse noas de boarstelige wynbrauwen en grutte stoarjende griisblauwe eagen stiet suver op gûlen. In brún straaltsje promtabak rint by it kin del. Ald-boerefeinten binne yn dizze provinsje mar goed de pineut!

‘Jou my it tillefoantsje mar eefkes, hawwe jo it nûmer fan ’e fûgelwacht by de hân?’
‘Neu..eee.e’
‘Hawwe jo it nûmer net?’
‘Neu..eee…eee…’
‘O wacht ris eefkes… foar’t ik hjir hinne soe om mei jo it fjild yn haw ik it nûmer fan ’e fûgelwacht opskreaun… ah ik fiel it papierke al yn ’e bûse…ja…
0566-602434.

Ik ezzemes:

‘Twa ljipaaien fûn troch Tomke Tammenga by boerespul fan Feenstra, Idaerd’

Druk dan op ferstjoeren.

‘Sa, no sil it wol klearkomme Tammenga… eh Tomke… jo hawwe sa’n moaie foarnamme! Hooo! Jo meie it aai noch net opkrije! Ik moat op andert wachtsje fan ’e fûgelwacht!’

Tomke glimket as in bern sa grutsk en kin it andert hast net ôfwachtsje.

‘Tomke aai…Tomke aai…’ ropt er hieltyd yn himsels.
‘Ja ja… Tomkes aai komt der oan,’ anderje ik him laitsjend werom.

Dan giet it mobyltsje oer, it skermke ljochtet oranje op:

‘Fûgelwacht Reduzum; Kwotum is fol, grins fan 6934 ljipaaien berikt, aai lizze litte!’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *