Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de fyfde digitale ôflevering, de earste dy’t net mear op ’e âlde Farsk-side ferskynt. Wy binne bliid dat de nije webside fan ensafh no einlings online is.

ensafh is it nije tydskrift dat ûntstien is út de fúzje fan ynternet-tydskrift Farsk en it op papier ferskinende tydskrift Hjir. ensafh sil jierliks op ynternet 20 ôfleveringen útbringe en op papier 7 nûmers.

Ynhâldlik sille de digitale en de papieren ôfleveringen fan inoar ferskille. It is dêrom de muoite wurdich om in abonnemint te nimmen op ensafh-op papier. Sjoch dêrfoar ûnder it menu

Abonnemint.

Yn dizze ôflevering wat de poëzy oangiet in boartlik fers fan Hindrik Spin en it ferfolch fan de publikaasje yn ôfleveringen fan in projekt fan de dichter Andries Miedema. Hy hat fan it ferhaal ‘De laatste reis van de Nyborg’ fan J. Slauerhoff hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er hieltyd foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De eardere ôfleveringen stean op op ensafh 1, 2, 3 en 4.

Jouke Hylkema draacht fêst by oan ensafh. Dizze kear giet syn altyd op ’e aktualiteit inte ferhaal oer it aaisykjen en wat dêr tsjintwurdich by te sjen komt.

Kollumnist Skermer hat him ôffrege wat in ideale literêre tekst is. Hy docht lykwols gjin ferslach fan syn prakkesaasjes mar hat ynstee in foarbyld skreaun fan sa’n tekst.

De spesjaliteit fan de oare kollumnist fan ensafh, Willem Winters, is it oandragen fan aparte en wûnderlike saken, ferrassende observaasjes en in absurdistyske fyzje op de dingen yn ’e wrâld. Hy konfrontearret ús dizze kear mei in fotoboek fan de njoggentjinde-ieuske Ingelsk-Amerikaanske fotograaf fan de beweging Eadweard Muybridge.

Edwin de Groot makket de lêzer yn syn besprek fan de Fryske oersetting fan de Divina Commedia fan Dante nijsgjirrich en komt oan ’e hân fan útspraken fan de dichter Martinus Nijhoff op de problematyk fan it oersetten.

In protte lêswille!

As lêste noch dit: op ’e thússide stean yn de twa earste kolommen in pear nije rubriken yn ferliking ta it eardere Farsk. Guon fynt men noch neat ûnder, mar ha gjin noed, ek dat komt foarinoar.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *