Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn it foaropwurd fan de sechde papieren ferzje fan ensafh fan dit jier skriuwt Imke Hooijenga dat it winterseizoen útnoeget om smûk mei in boek sitte te lêzen.
Ik bin it folslein mei har iens en heakje dêr graach noch wat oan ta. Want wat is der noch smûker as in boek? Justem, wannear’t yn de fierder tsjustere keamer de kompjûter of laptop opljochtet op in reinige freedtemiddei. It wurk is dien, it wykein stiet foar de doar en… de nije digitale ensafh is út! Foar iten noch in buorreltsje, in kearske oan en súntsjes sûzet de kompjûter jin yn in oare wrâld fan poëzij, proaza, kollums ensfh. En dan is it ek noch sa dat alle 14 dagen der in nije ôflevering ferskynt, dus de winter kin net lang genôch duorje!

Poëzij

Himke de Jong kin de smycht mar net út ’e kop sette.
En Anne Feddema hat in tapaslik gedicht skreaun foar nije wike snein.

Proaza

Ulke Brolsma waant him efkes yn it mearke fan de Maharajas.

Kollums

Willem Winters docht guon boeken fuort en hâldt dêr in moaie anekdoate oan oer.
En Skermer leart ús it ien en oar.

Oersetting

Piter Boersma hat in gedicht fan Richard Brautigan oerset; ‘The Horse That Had a Flat Tire’.

Besprek

Piter Boersma hat Walewein lêzen yn de Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma. Njonken in besprek fan dy oersetting jout er fuortdaliks ek wat eftergrûnynformaasje.

Fraachpetear

Hedwig Terpstra hat de Harnzer dichter, mar ek byldzjend keunstner en al sa mear, Sytse Jansma ynterviewd.

Multymedia

Hindrik Wiebe Rinzema en Geart Tigchelaar leverje wer in nije bydrage oan foar de rubryk Wiere Wurden. Wy binne al wer oan nûmer acht ta!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *