
Klaas Bruinsma hat út it Middelnederlânsk wei de Arthurroman De roman van Walewein oerset. Hy hat dêrby gebrûk makke fan de yn 1957 besoarge útjefte troch G.A. van Es, dy’t it ferhaal de titel De jeeste fan Walewein en het Schaakbord meijoech 1). De titel fan syn oersetting hat Bruinsma oernommen út it iennichst bewarre folsleine hânskrift fan de tekst, dêr’t dy titel yn in oare hân letter boppe set is.
Walewein is ien fan ’e ferneamdste ridders fan kening Arthur syn Rûne Tafel. Hy giet troch foar de ealste en moedichste. Syn Ingelske namme is Gawain (Ned. Gawein). Klaas Bruinsma hat al earder oer in ferhaal gear west dêr’t Walewein/Gawein de haadpersoan yn is. Yn 2001 ferskynde fan syn hân in oersetting fan it Middelingelske Sir Gawain and the Green Knight ûnder de titel Hear Gawain en de griene ridder.
De roman fan Walewein is yn it lêst fan de trettjinde ieu skreaun troch Penninc en Vostaert. It boek bestiet út 11.198 fersrigels, dy’t yn prinsipe út acht of njoggen wurdlidden bestean en dêr’t twa opinoar folgjende rigels hieltyd fan rymje. Penninc hat de likernôch earste 7.900 rigels skreaun (en is der om ûnbekende reden mei ophâlden) en Vostaert hat der doe noch sa’n 3.300 oan tafoege, om’t er it skande fûn dat it ferhaal ûnfoltôge bliuwe soe.
De literatuer en de ferhalen om kening Arthur hinne
De wrâld fan de kening Arthur en dy fan de Arthurromans is ien om jin yn te begraven, jin der even yn bejaan is al in grut geniet. Ik wol wol earlik wêze, der binne ek oare dingen dy’t oan my lûke en myn ynteresse ha, der is mear yn ’e wrâld, mar ik ha al jierren in grut langstme om de Arthurwrâld yn te stappen en der nea wer út te kommen.
It is ek in fassinearjende wrâld om’t der noch altyd nije einen oan fêst breide wurde.
Arthur is in mytyske en legindaryske figuer, alteast syn histoarisiteit stiet net fêst. Syn namme komt foar it earst foar yn Welske teksten út de sande ieu, mar dêryn wurdt er nearne kening neamd mar dux bellorum (lieder yn de striid), yn lettere midsieuske Welske teksten, sa as it begjin fjirtjinde-ieuske gedichteboek Book of Taliesin, ek gauris amerauder (hearsker).
De muonts Nennius skreau om 830 hinne syn Historia Brittonum. Yn dat boek stiet dat er as ‘lieder yn de striid’ meifochten hat yn tolve slaggen en yn ien dêrfan, de slach by Baden, 960 fijannen deade hawwe soe.
Yn de Annales Cambriae (of de Annalen fan Wales) út 995 stiet fermeldt dat Arthur yn 537 sneuvele is yn de slach by Camlann.
Arthur komt ek foar yn Welske hilligelibbens en dan benammen as kriger, net as eale held.
Yn de tolfde ieu ferskynde it ferneamde Historia regum Brittanniae (Skiednis fan de Britse keningen) fan Geoffrey fan Monmouth. Dêr stiet in haadstik oer kening Arthur yn en ien oer de tsjoender Merlijn, ‘De profesiën fan Merlijn’, dy’t letter ek in grutte rol spilet yn it Arthurskiednis. Yn it haadstik oer Arthur is fuort ek al in wichtich plak ynromme foar Walewein.
It sjenre fan de Arthurromans en -ferhalen naam healwei de midsieuwen in grutte flecht.
Yn it begjin fan De roman fan Walewein wurdt sein dat it boek in oersetting is fan in Frânsk ferhaal, mar dêr is nea wat fan weromfûn, dat no giet it boek troch foar in trettjinde-ieusk orizjineel wurk basearre op doetiids bekende Arthurstof.
Tsien oare Nederlânsktalige Arthurromans, dêr’t Lancelot, de bekendste ridder fan ’e Rûne Tafel, in sintrale rol yn spilet, binne bewarre bleaun yn de saneamde Haachske Lancelotkompilaasje, dy’t bestiet út 87.000 fersrigels.
De Frânsman Chretien de Troyes, dy’t libbe yn de tolfde ieu, jildt as grûnlizzer fan de Arthurliteratuer sa’t wy dy no kenne. Hy skreau fiif Arthurromans, mei as bekendste Lancelot of de ridder mei de karre en Parceval of het ferhaal fan de graal. Wat dy lêste roman oangiet, tige ferneamd is ek de Parzival skreaun troch de Dútser Wolfram von Eschenbach yn it begjin fan de trettjinde ieu.
De grutste en wichtichste kompilaasje fan de Arthurleginden is it yn 1469 foltôge, mar earst yn 1485 útjûne grutte wurk fan de Ingelskman Thomas Malory, Le Morte d’Arthur. Hast alle lettere bewurkingen en films fan de Arthurferhalen gean op Malory syn boek werom. De ferneamdste en kostlikste bewurking is wol The one and future King fan T.H. White (4 dielen, ferskynd yn 1938, 1939 en 1940 en 1958; Nederlânske oersetting Arthur, koning voor eens en altijd). Mei syn titel giet White moai yn tsjin dy fan Malory. Ferneamd is ek Mists of Avalon út 1979 (Nederlânske oersetting Nevelen van Avalon) fan de Amerikaanske skriuwster Marion Bradley. It ferhaal wurdt dêryn ferteld út in froulik perspektyf wei.
De njoggentjinde-ieuske Ingelske dichter Alfred Tennyson bewurke faker as ien kear de Arthurstof yn syn poëzy, sa as yn de ferheljende syklus Idylls of the King en yn The Lady of Shalott. De Nederlânske auteur Louis Couperus publisearre yn 1922 Het Zwevende Schaakbord.
Foar de wiere Arthuradept is in absolute must it boek Arthur út 1985 fan de hân fan de Belgyske magysk-realistyske skriuwer Hubert Lampo. Dat befettet in yngeand essee oer de Arthurstof, yllustrearre mei prachtige sfearfoto’s fan Pieter Paul Koster, dêr’t de Arthurleginden op yngenieuze wize yn ferbân brocht wurde mei de teory fan Jung oangeande de archetypen fan it kollektive ûnbewuste.
De roman fan Walewein
Ik kom werom op it troch Bruinsma oersette boek. It ferhaal giet sa. Kening Arthur sit mei syn ridders yn in seal fan it kastiel Karlioen. Der ferskynt in skaakspul, mar dan ferdwynt it wer. De kening wol it ha en freget wa’t it achternei gean wol om it wer by him te bringen. Gjinien doart it oan, mar as Arthur seit, dat er it dan sels wol dwaan sil, meldt Walewein (‘dy’t al den dei / yn riddereare d’ earste wie’) him. Nei gefjochten mei draken komt Walewein oan by kening Wûnder dy’t it skaakboerd hat mar it allinne ôfjaan wol as Walewein him it magysk ‘Swurd mei de twa ringen’ bringt dat yn it besit is fan kening Amoraan. Dy wol it ek wol ôfjaan, mar op betingst dat Walewein him as breid prinses Isabelle bringt, de dochter fan kening Assentyn út it lân Endi. Mei help fan de foks Roges berikt Walewein Endi, mar Assentyn nimt him finzen. Isabelle is lykwols fereale wurden op Walewein en befrijt him. Mar as se tegearre oantroffen wurde, set de kening harren allebeide fêst. Mar dan wurde se befrijd troch de geast fan de Reade Ridder, dy’t Walewein earder ferjûn en holpen hat. Walewein en Isabelle meitsje dat se fuortkomme en as se by it kastiel fan kening Amoraan oankomme docht ek nochris bliken dat de kening dea is, dat Walewein hoecht Isabelle net ôf te stean. By kening Wûnder ruilet er it swurd om foar it skaakspul en mei it boerd en Isabelle komt er dan by Arthur werom. Mar ‘Ik wit net krekt de wierheid fierder / oft hja troude mei de grutske ridder. / Dy dingen lit ik rêste; finaal / meitsj’ ik in ein oan myn ferhaal’.
Bruinsma seit mei rjocht dat it ferhaal in goeie struktuer hat, in treflik byld jout fan it ridderlibben en ryk fan taal is.
De oersetting
Yn syn ynlieding seit Bruinsma neat oer syn oersetwurk. As men de oersetting nêst it orizjineel leit kin men fêststelle dat er dat per rigel ynhâldlik moai kreas en fernimstich folget en ek wat de foarm oangiet (it tal wurdlidden, it metrum en it rym) in likens effekt neistribbet as it orizjineel. Dat is flot fan taal, winliken rjocht en sljocht, de oersetting is dat ek, dy lêst as in trein. It is nijsgjirrich om in lyts eintsje even wat yngeander te besjen en dan docht bliken dat Bruinsma ek wol ris yn ferlegenheid wie. Ik helje in pear dingen mei foaren.
rigels 242 – 251
Ende hi reet wech, die wigant
De held ried fierder op syn paad,
(It orizjineel is hiel direkt, de direkte Fryske wjergader is: ‘En hy riedt fuort, de held.’ Bruinsma docht yn syn rigel mei ‘op syn paad’ oan ûnnatuerlike tekstopfolling).
Na tscaec daer hi omme uut was comen.
’t boerd nei, dêr’t er om út gien wie.
Mettien hevet Walewein vernomen
Hommels seach Walewein, der stie
(De orizjinele rigel foarmet in ôfrûne tekstdiel, sa’t alle rigels fan it orizjineel dat binne. Bruinsma hat him needsake field om syn taflecht te nimmen ta in enzjambemint. Itselde docht him winliken foar yn de folgjende rigel)
Enen berch vor hem staen:
in mânske berch foar him; hy mikte,
Hi dochtem toten hemele gaen!
dat oan de himel ta dy rikte
Doe sprac hi daer hine vint:
Doe’t er him stean seach, suchte hy:
(Hjir hat Bruinsma net oerset mar in nije rigel betocht)
Help God, Sinte Marien kint
Help Kristus, bern fan Sint Marij!
Waerwaert mach ic varen omme?
Hoe riid ik dizze berch doch om?
Inne zie wech, no recht no cromme
Ik sjoch gjin wei, noch rjocht noch krom,
Daer ic den scake volghen mach.
Dat ik it skaakspul folgje mei
In kwea gewisse?
It is kurieus dat Bruinsma him yn syn ynlieding sa drok makket oer de oerdriuwingen yn it boek op it mêd fan fjochterij (Walewein nimt it op tsjin achthûndert ridders en slacht sân fijannen yn ien hou dea), wûnders, draken, meunsters en tsjoenderij, wat er allegear as sensaasjesucht bestimpelet en ek in beswier fan morele aard neamt: de einleaze rige bluodrige gefjochten, de wrede ûnmeilydsumens. Hy merkt dêrby oars wol op dat dat doedestiidsk net stridich achte waard mei it ‘hoofske’ ridderskip. Nee, krekt oarsom soe ik sizze, it hearde derby, it tsjûge fan karakter. Geoffry fan Montmouth skriuwt yn syn boek oer de skiednis fan de Britse keningen yn it ferslach fan de oarloch dy’t Arthur by Autun yn Frankryk tsjin de Romeinen fiert: ‘Gaius Quintillianus, in neef fan Lucius dy’t it ûnderhâld bywenne (sei), dat de Britten better wiene yn it uterjen fan opskepperige taal en drigeminten as yn it toanen fan moed en dapperheid. Poerrazend luts Walewein syn swurd, stoarme op Gaius ôf en sloech him de kop ôf.’ Krekt as yn De roman fan Walewein is it dus ek hjir al Walewein dy’t de útdaging oannimt.
Bruinsma mient ek noch in ferliking lûke te moatten mei de oarlochswreedheden fan hjoeddedei. No ja! Mar seit er dan: ‘Mar sels by de erkenning fan de grouwel fan dit geweld kin de lêzer mûlk noch lêsgenot ha fan dit produkt fan twa kreative geasten út de Midsieuwen. Dy hope is de reden fan dizze ferfrysking fan de Walewein.’ Rint Klaas Bruinsma om’t er de Friezen dit boek foarset ha no om mei in kwea gewisse? Men soe it hast tinke, mar ik hoopje foar him fan net.
1) Dizze útjefte is te besjen op www.dbnl.nl, de grutte databank mei Nederlânske literêre wurken út alle tiden.
Penninc en Vostaert
De roman fan Walewein
oerset troch Klaas Bruinsma
Elikser, Ljouwert 2010
ISBN 978 90 8954 243 4