Himke de Jong

Smycht

logo.ensafh

 

Sybren Pimpel hat my op syn begraffenis raar te pakken hân yn ’e deadskiste hie er de bek heal iepen en seach my troch spleetsjes oan as woe er sizze – ienris leisto der ek sa by godferdomme, ik krij de kop fan dat lyk net mear út ’e harsens al is ’t noch sa sels ûnder it neuken bliuwt er my oansjen, de smycht

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *