
de earste draai it libben fan siddhartha gaudama
de keningssoan dy’t de bodhisattva dy’t de boeddha
berne út de side fan in bosknimf it oanbegjin
út de side fan mahamaya mem en keningin
lit alles achter dy gean nei bûten en sjoch goed ta
de brahmaan foarsei it syn heit kening suddhodana
ien útstapke mar nei jo park ta en it wurdt syn sin
ien eachopslach bûtendoarren en der is gjin ferwin
berte âlderdom sykte en dea it rêd samsara
asseten wize de wei út de fûke fan karma
sliepende froulju om him hinne plôke as in hin
al dy bistkes yn ’e fuorgen plattrape yn ’e rin
deawurge manlju achter de ploege harkje goed ta
it ynsjoch meilijen moat men mei alle libben ha
gjin brahma gjin master rjochte op de sfear fan neat gjin
net dy fan gjin witten en gjin net-witten oars net min
wie asseze dan de wei en dat oan it uterst ta
nee meditearje dan mar ûnder in beam by uruvela
it offer joech Nandabala de man mei it rjochte kin
hy ûnthiet hjir bliuw ik sitten oant ik ferlichte bin
noch de fisioenoanfal troch sensuele mara
net demoanelegers him beskerme machalinda
en doe kaam er ta ferlichting ta it boeddhabegjin
hookstrooks op syn geastlike reis fjouwer wierheden tsjin
berte is lijen ferfal sykte en dea der op ta
en ek skaat wêze fan wat dy leaf is it is mar sa
wat ha wolle en net krije is ek ferhipte min
dat it karakter der nei oerhinget de mins syn sin
ja sa brocht mei de hannen yn ’e ûnderrjocht-mudra
de boeddha de earste wierheid út de twadde wie sa
oarsprong fan lijen langstme liedend ta werberterin
de tredde beëiniging fan lijen fan it gestin
troch ûnferskillichheid dat wie de fjirde woe er ha
dêrby moat jins paad de acht treflikheden ha no sa
achter gjin ding dat hjir no folget is tastien in min
net te folle en net te min mar it middenberin
in krekte fyzje oan it oare komt men oars net ta
realisaasje spraak dwaan men moat der balâns yn ha
yn libbensûnderhâld ynspanning as it even kin
libbenens fan geast konsintraasje de ein en it begjin
mar no moat de kop der hielendal by it sit sjesa
dit giet fierder as de middenwei no komt dukkha
it earste kenmerk lijen it libben is sûnder gewin
fergonklik it bestean in fragmint wat hat it foar sin
sa it twadde kenmerk men giet der oan anicca
it tredde de ôfwêzichheid fan in sels anatta
yn ’e mins gjin siel gjin ego ik bin net op ’e rin
wol kumulaasjes fiif skandha’s as ik my net fersin
foarm gefoel bewustwêzen waarnimming en karma
men is mar in rige prosessen en dêrmei basta
ik kom út by it meilibjen ek foar gers en reidhin
ynsjoch heft karma op it net witten dat ik oerwin
dit is de dharma ik doch der ta ik doch der net ta
ja dit is de bolderwein dy’t ús bringt nei nirvana