Hedwig Terpstra

Sytse Jansma: ‘Ik mei graach boartsje mei de werklikheid.’

logo.ensafh

Sytse Jansma (Feanwâlden, 1980) die snein 24 oktober yn de Greate Tsjerke yn Poppenwier mei oan in middei fan it Literêr Sirkwy. Hy droech dêr syn nijste gedichten foar. Oare dichters dy middeis wiene Elmar Kuiper, Edwin de Groot en Aafke Koster. Mei har fjouweren ymprovisearren se op de muzyk fan Wiebe Kaspers en Rob du Jardin. De dei dêrnei ynterview ik Sytse yn syn moaie âlde kapteinswente yn it sintrum fan Harns. Sytse seit oer de foardrachten: ‘Ik koe de muzikanten hielendal net en we ha dus ek nea oefene. Ik fyn dochs dat de ymprovisaasje goed slagge is. It is soms ek moai om dwers tsjin de muzyk yn te gean. Ik soe wol graach faker soks dwaan wolle. Ik fyn sa’n tsjerke ek in hiele moaie entoeraazje.’

Wat dochst yn it deistich libben en wat binne dyn hobbys?
Sytse: ‘Ik wurkje fjouwer dagen yn de wike as learaar op in basisskoalle yn Dronryp. En ik bin yn 2008 begûn mei myn stúdzje byldzjende keunst en foarmjouwing yn Swolle. Ik hâld my dêr mei ferskate keunstfoarmen dwaande, lykas film, animaasjes, mar ek etsen en grafyk. Sûnt 2005 bin ik redaksjelid fan ensafh, mar ik ha der troch myn stúdzje net safolle tiid mear foar. [ûnderwilens is Sytse dêrom ek redaksjelid ôf spitigernôch (red.)] Fan 2002 oant 2007 ha ik tegearre mei Sito Wijngaarden it Literêr Sirkwy organisearre op ferskate plakken yn Fryslân. En yn 2006 en 2007 ha ik mei Sito it radioprogramma ‘It Literatuerfabryk’ presintearre by Mercurius, de lokale omrop fan Ljouwert. Ik mei graach hurdrinne en doch geregeld oan heale maratons en achtste triatlons mei. Sa ha ik lêst meidien oan de Triambla op It Amelân, in swim-, fyts- en rintocht oer sa’n 30 kilometer. Dat is my nuver ôffallen. Ik rûn op in gegeven momint op It Oerd en ik koe echt net mear. Ik ha dochs trochset, kaam as ien fan de lêsten oer de streek, mar fielde my wol hiel foldien dat ik it útrûn hie. Ik gean alle wiken wol ien of twa kear te hurdrinnen. Ik ha de Slachtemaraton rûn yn 2008 en myn dream is om noch ’s oan grutte ynternasjonale maratons mei te dwaan, lykas yn Berlyn of New York.’

Wat kinst fertelle oer dyn films?
Sytse: ‘Ik fyn it moai om eksperimintele films te meitsjen en dy te kombinearjen mei gedichten. By myn lêste bondel ‘Wa’t tate seit moat ek whisky sizze’ (2008) ha ik in dvd mei seis koarte films makke, dy’t yn de bondel opnaam is. Dizze ‘byldgedichten’ binne kombinearre mei muzyk/soundscapes troch de Rebound Boogie Bent en tenoarsaksofonist Hans Wijnbergen. Trije fan de films stean ek op myn webside, www.sytsejansma.nl. Dat binne de animaasjefilm ‘In seemansferhaal’, ‘Dat minsk berne waard…’ en ‘Oerwâldwurd’. Yn dy lêste film wurdt it gedicht ‘Oerwâldwurd’ foardroegen yn it Saramakaansk, in noch aktive taal út de binnenlannen fan Suriname. Trije jier ferlyn ha ik op fakânsje west yn Suriname. Ik ha doe by myn nicht yn Paramaribo op besite west, en bin ek de binnenlannen yngien. De man dy’t it gedicht oersetten hat yn it Surinaamsk en it foardraacht yn de film, Maclon Paulus, wie dêr gids yn it oerwâld. Mei films en poëzij kinst in oare werklikheid kreëarje en ik wie dêr yn de jungle fan Suriname ek yn in hiele oare wrâld. Myn films binne yn 2007 fertoand op it Noardlik Filmfestival, op it Scenecs Filmfestival yn Nijmegen en op it Bud Festival yn Breda. En ek op de televyzje, by temakanaal Kultura fan de NPS. Ik soe ek graach meidwaan wolle oan it Media Art Festival yn Ljouwert. Ik fyn it hiel nijsgjirrich wat dêr allegear te sjen is.’

Yn 2006 hast de Rely Jorritsmapriis wûn foar it gedicht ‘Dat minsk berne waard yn blauwe wurden’. Op it stuit bist mei nij wurk dwaande. Is dat oars as dyn eardere wurk dat frij betiizjend wie?
‘Ik bin no wat dingen oan it útwurkjen. En ja, ik besykje wat oarder yn de gaos te skeppen. Myn nijste gedichten gean bygelyks oer it hurdrinnen (‘De dyk en ik’) oer mystike havens as dy fan Riga of Puerto Ayora, of oer it hûs dat no te keap stiet (‘Ast dizze muorren derút hellest’). It is dúdlik wêr’t dy gedichten oer gean. Dochs mei ik noch graach wat boartsje mei de werklikheid en betizing oproppe by de lêzer. Ik fyn it moai om te eksperimintearjen mei wurden en sa ûndersykjend my in wei te finen yn de taal. Wurden sykje inoar soms op. Dêrmei kinst ek in nije taal ûntwikkelje, dus de autonomy fan in gedicht. Ik hoopje yn 2012 ôf te studearjen en ik wol eins dêrfoar, yn 2011, noch in nije dichtbondel útjaan. Ik wol de gedichten graach kombinearje mei byld, lykas lyno-útsneden, stills út films of etsen. It ien fersterket it oar. Ik mei graach foar mysels wurkje, mar sykje út en troch ek wol de gearwurking op. Skriuwe bliuwt dochs in iensum proses.’

Do skriuwst altyd yn it Frysk. Is dat in bewuste kar?
‘Eins wol, it Frysk stiet hiel ticht by my. Ik wol skriuwen yn it Nederlânsk lykwols net útslute. Yn it Ingelsk skriuwe sil ik net gau dwaan, omdat ik dan dochs in stikje fokabulêr mis. De Fryske taal boeit my wol en dan foaral it lûd dat deryn sit. Ik brûk ek nochal wat neologismen, myn eigen taal en dêr sitte ek wol wat Nederlânske wurden yn.’

Wat kinst fertelle oer dyn byldzjende keunst-oplieding?
‘De earste twa jier krijst alle fakken, lykas keunstskiednis, modeltekenje, boetsearje, grafyk, tapaste foarmjouwing en autonome foarmjouwing. It earste jier fûn ik wol dreech, foaral ek omdat ik doe noch fiif dagen op skoalle wurke. Ik wurkje dêr no noch fjouwer dagen yn ’e wike en dat foldocht my better. De lêste twa jier makkest in kar út de fakken. Foar tapaste foarmjouwing ha ik sels in lamp makke.’ Sytse lit my de lampe sjen en it falt my earst net op dat dy fan twa wc-ûntstoppers makke is. Hy demonstrearret hoe maklik de lampe oan in rút te befestigjen is. ‘It is in hiele brede oplieding. Ik begjin faak mei it kreëarjen fan gaos om dêrnei wer oarder te skeppen. Sa ha ik lêsten de stofsûger meinaam yn de auto foar in fotosesje. Ik ha it apparaat op ferskate plakken yn it lânskip delset, op in brêge en op it spoar. En dan wol ik sjen wat der ûntstiet; dat is hiel nijsgjirrich. Mei poëzij dochst eins itselde. Hellest dingen út de kontekst wei en sa ûntstiet in nije werklikheid.’

Wat is dyn ambysje?
Sytse: ‘Ik ha net in hiel soad doelen. Ik wol wol graach better wurde yn de dingen dy’t ik doch. En ik soe mear skriuwe wolle en mear films meitsje wolle. Wat ik ek graach dwaan wol is eksposearje mei myn films. Ik wol graach mysels ûntwikkelje en nije dingen útfine. Uteinlik soe ik graach fierder wolle yn it byldzjende. Ik krij op de oplieding ek ûnderwiiskunde, dus ik soe der yn lesjaan kinne. It is spitich dat ik net mear tiid ha foar de redaksje fan ensafh. Ik wol wol graach de bining hâlde mei de literêre wrâld. Ik organisearje alle jierren in dichtersjûn hjir yn Harns. Ik bin yn 2004 allinnich begûn en doch it no tegearre mei Albertina Soepboer, Wilco Berga en Jetze de Vries. We besykje alle jierren wer mei in beheind budzjet in nijsgjirrich programma del te setten, mei dichters mar ek ferskate keunstfoarmen, lykas film en muzyk, fan bygelyks Hans Wijnbergen. We besykje no njonken subsydzjes ek jild te krijen fia de kommersje. Ik soe ek noch mear reizgje wolle. Ik ha nei Vietnam, Equador en de Galapagos Eilannen west en soe noch wolris nei Afrika wolle. Ik bin graach ûnderweis. At ik op fakânsje bin ha ik altyd in notysjeblokje mei en skriuw ik sketsmjittich wat op of ik sprek it yn op de mobyl. Thús wurkje ik it dan út.’

It hûs stiet te keap. Wêr wolst hinne te wenjen?
Sytse: ‘Ja, it is wol in moai hûs, mar it is eins wat te lyts foar twa persoanen. Myn freondinne en ik binne op syk nei in grutter hûs, wol wer hjir yn Harns, miskien in âld hearehûs. Ik wol perfoarst net nei in nij hûs. Dit hûs hat sa’n skiednis. Yn de âlde betegeling op de muorre sjochst in ôfbylding fan in skip. Op datselde skip hat de kaptein dy’t hjir wenne hat fearn. Ik bin der lêsten achterkaam dat yn de muorren as isolaasjemateriaal kranten út 1936 brûkt binne. Ik ha der twa ynliste.’ Hy lit my de âlde kranten sjen. It is grappich om de advertinsjes te lêzen: “Net meisje gevraagd, voor overdags en ’s nachts.” Sytse: ‘Dêr soene je no hiele oare assosjaasjes by krije.’ Sytse lit my ek in ets fan it hûs sjen, makke troch de Harnzer etser Oving. ‘Neffens my wie de kaptein dy’t hjir wenne ek wol in wichtich persoan, omdat de keunstner krekt dit hûs útsocht hat. Ik bin no sels ek oan it etsen. Ik fyn it wol moai om my mei dy ambachtlike keunstfoarmen dwaande te hâlden.’

Do wiest yn septimber ek by it boekefeest fan stifting It Fryske Boek en diest dêr mei oan de literêre pypshow. De stifting liket dêrmei in oare wei ynslein te wêzen.
‘It wie eins in idee fan Sito, dy literêre pypshow. It hie eins in echte ‘peepshow’ wurde moatten. In tal dichters liezen privee in gedicht foar oan in klant. Mar yndie, dit wie wer ris wat oars as oars foar It Fryske Boek. Normaliter rinne se dochs wat efter de feiten oan. Jongere dichters komme oer it algemien by harren net goed oan bod. Der soe mear ynset wurde moatte op oare foardrachtsfoarmen, oare lokaasjes en bygelyks omtinken jaan oan dichters dy’t it Frysk de grins oerbringe, lykas Jan Kleefstra en Elmar Kuiper. De Jûn fan de Moanne hat wol in nijsgjirrich programma fyn ik. Dêr wurde lêzings ôfwiksele mei poëzijfoardrachten. En ik fyn dat it Literêr Sirkwy ek in goed en fariearre programma hat. Dat stiet oer it algemien wat tichter by de dichters.’

Hat de Fryske literatuer in takomst?
Sytse: ‘Hm, de Fryske literatuer hat wol stipe nedich. It is goed dat der no ek de Junior Rely-priis is. Je wurde net samar in Frysk dichter. Dêr moat wol in klimaat foar wêze. Om de taal libben te hâlden moat it skriuwen wol oanmoedige wurde. De Fryske taal moat ek net isolearre wurde fan nije ûntwikkelings, boeken útbringe foar Ipad of E-reader, T9 op ’e mobyl, ensfh. Aldere minsken moatte fansels ek betsjinne wurde troch de Fryske Boekewike mei harren program yn de biblioteken, want dat is ek in grutte doelgroep. It Literêr Sirkwy besiket fan alles en siket moaie lokaasjes út foar de dichtmiddeis, lykas musea, tunen, kroegen en âlde tsjerken. De tsjerken rinne dochs leech, dus sa krijst wer wat minsken dêr nei ta. Sa kinst mei de foardrachten ek in relaasje sykje mei de omjouwing. Oare ideeën foar lokaasjes kinne wêze in sikehûs of in psychiatryske ynrjochting. Ik ha lêsten in gedicht foarlêzen by in protest tsjin de ôffaloven yn Harns en op dat plak wurke dat wol. Ynstellings dy’t har dwaande hâlde mei it Frysk moatte har yn elk gefal net te konformistysk opstelle en foaral wol ynspringe op nije ideeën en ûntwikkelings, wolle de Fryske taal en literatuer in takomst ha.’

De dyk en ik

De dyk en ik dogge net foar inoar
ûnder. Wy ferjitte it paad werom.

Lâns de iensum klappende taskôger
en de losrinnende kûtebiter.

De dyk en ik begjinne in petear.
De dyk is in goede harker.

Hy dimpt it klappen fan myn foet.
Hy fiteret de wite strepen oan.

De dyk en ik prate it ûnbekende bekend.
Wy preekje de dykstikels skjin.

As ik myn ex-vinexwyk yn wol,
bebout hy de kom.

Wy litte ús guod efter. De dyk
en ik dogge net foar inoar ûnder.

Wy drinke it lêste ljocht út ’e loft
en ferjitte it paad werom.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *