Fjouwer skriuwers Boekewikegeskink bekend

logo.ensafh

Fjouwer skriuwers Boekewikegeskink bekend

omslachYn it Frysk Boekewikegeskink Feestlift wiene fjouwer ferhalen fan anonime skriuwers opnommen. De lêzers mochten besykje út te finen wa’t de auteurs wiene. De ferhalen binne skreaun troch Aggie van der Meer (De fioele), Henk de Haan (It reade fytske), Anders Rozendal (Wetterloo) en Greet Andringa (Dues ex).

It Boekewikegeskink Feestlift, útjûn troch de 75-jierrige Stichting It Fryske Boek by gelegenheid fan de Fryske Boekewiken 2009, is in bysûndere edysje. Der wiene twa wedstriden oan ferbûn, ien foar skriuwers en ien foar lêzers. Oars as oars binne diskear fjouwer ferhalen fan likefolle anonime auteurs yn de bondel opnommen. Lêzers koene de ôfrûne fjouwer wike riede wa’t dat binne.
Foar de skriuwwedstriid hat it Fryske Boek goed santich skriuwers útnoege. Fan harren binne 15 ferhalen ynkommen. In saakkundige sjuery, besteande út Lysbert Bonnema, Jannie van der Kloet en Immy Tappers, beoardielen de ynstjoerde ferhalen, ek sûnder te witten wa’t de auteurs wiene. Der kamen fjouwer priiswinners út ‘e bus.

De sjuery
De sjuery oer de bekroande ferhalen: De fioele fan Aggie van der Meer: ‘De auteur sketst op oangripende wize en yn faak byldzjende taal de gemoedstastân fan de haadpersoan’; It reade fytske fan Henk de Haan: ‘It is in hiel tagonklik ferhaal yn in flotte styl en foar in breed publyk skreaun’; Wetterloo fan Anders Rozendal: ‘Bysûnder yn sawol tema as útwurking. Troch it linich wikseljen fan fertelperspektyf wurde de karakters maklik en oannimlik delsetten’;  Dues ex fan Greet Andringa: ‘It synyske praat en it faak ûnbehouwen hâlden en dragen fan de haadpersoan ropt begryp op by de lêzer troch de wize dêr’t it op beskreaun wurdt’. Neffens de sjuery sprongen de winnende ferhalen derút, wat styl en tematyk oanbelanget. De ferhalen binne hiel ferskillend en sadwaande geskikt foar in breed publyk.
Tagelyk mei de skriuwwedstriid hat it Fryske Boek in lêzerspriisfraach útskreaun. Elkenien koe oant 22 maart oanjaan wa’t neffens him of har de bekroande ferhalen skreaun hawwe. De priisfraach wie aardich dreech sa hat bliken dien. Fan de 25 oant no ta registrearre ynstjoerings hie mar ien dielnimmer twa auteurs oan de krekte ferhalen keppele en trettjin hiene ien goed.
De prizen wurde op it jubileumfeest fan It Fryske Boek op 4 april yn De Pleats yn Burgum útrikt, sawol oan de winnende skriuwers as oan de lêzers dy’t goede oplossings ynstjoerden hawwe.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *