Skermer

Kultuer libbet út himsels wei

logo.ensafh

Kultuer libbet út himsels, út syn yntrinsike krêft wei. It is yn ’e minskewrâld in gegeven. Oer kultuer hoecht men net yn te sitten.
Men hoecht dêrom ek net yn te sitten oer oerheidsbesunigingen op kultuer. Dat jild is moai meinommen mar de kultuer bestiet der los fan.
Itselde jildt foar in auteur dy’t seit dat er hast wol mei it skriuwen yn it Frysk ophâlde kin om’t de provinsje der hieltyd minder jild foar oer hat. Lit him ophâlde, want foar de kultuer wie er al ferlern.
Kultuer hat syn eigen dynamyk, kreëarret syn eigen situaasje.
As in oerheid besuniget op kultuer komt dat út ’e kultuer sels wei.
It bestean fan kultuer stiet los fan ’e jildstreamen derhinne. Jildstreamen foarmje op gjin inkele wize in betingst derfoar. Se meitsje op syn heechst dingen makliker.
De kearside fan it op in hearlik kessen fan jild dwaan oan kultuer is it útholjen fan de kreativiteit en wiere belutsenens en it ferliezen fan it sicht op it feit dat de essinsje fan kultuer ûnbaatsuchtichheid is.
Mei it beskikber stellen fan jild foar kultuer giet kultuer oer yn wurk.
En dan komt der in momint dat de kultuer weromslacht troch it jild fan him ôf te stjitten en sa syn dielnimmers út ’e ban fan it jild te befrijen.
Losmakke fan de oanlûkingskrêft fan it jild krijt de kultuer wer de beskikking oer de minske.
De kultuer wasket op syn tiid de fersmoarging troch it sels oanhelle jild fan him ôf om de eagen fan ’e minsken te iepenjen en har kreativiteit wer te rjochtsjen op ’e kultuer sels, om de minsken wat de kultuer oangiet wer echt te meitsjen.
In minske is hoe dan ek yn ’e greep earne fan. Pas as er dat troch hat, hat er de eagen iepen en kin er libje út himsels wei. En as fansels leveret er dan in bydrage oan ’e kultuer.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *