
It is sneintejûn acht oere. De nijslêzer fertelt fan in sedesaak yn Amsterdam. Lytse bern, poppen noch, binne besjoen, befield, bedien troch in jonge blast. Eberhard van der Laan hat mei syn trijehoeke de âlden fan bern dy’t op de beskate krèsj sitte byien roppen.
Ja-ja-ja. Ynljochtsje, foarljochtsje, op ’e hichte bringe, delbêdzje. Ja-ja-ja, ik kin skoan begripe wat Eberhard van der Laan allegear bedocht en útheeft. Mar jonges, harkje ris, it is wol sneintejûn, ik ha hjir gjin nocht oan.
Mei ‘sneinshilliging’ hat dat neat te meitsjen, dat is flau praat. Sneinshilliging, dat wie foarhinne. Net it fjild yn, net sleatsjespringe, net brantsjestoke. Men hie de sneinske klean oan en dy moasten skjin bliuwe. Sneinshilliging, dat wie foar ús jonges benammen kleanhilliging.
Lês fierder by Trinus Riemersma