
It jier is wer hast ta syn ein. Dat betsjut dat de balâns opmakke wurde kin. Dit jier hawwe der 7 papieren nûmers fan ensafh it ljocht sjoen. It nije nûmer is krekt wer troch de bus fallen. Fan de digitale ferzjes is dit de 20e fan ’t jier en de 40e yn syn totaliteit. De 8e dêr’t ik it foaropwurd foar skriuwe mei. Al dy wapenfeiten mei op dronken wurde en de feestdagen dy’t foar de doar steane, jouwe dêr folop gelegenheid foar. Dan is it ek noch sa dat dizze edysje wat tsjokker is as gewoanwei. Ek wy hawwe efkes lins mei de feestdagen, 21 jannewaris is de earste wer yn it nije jier. Dus jimme achte lêzers moatte der sadwaande wat langer op tarre kinne. Fansels geane de nijsmeldingen en blochfragminten gewoan troch mei tank oan ús altyd wachwêzende reachmaster.
Hawar, ik winskje jimme út namme fan ’e redaksje goede feestdagen en in goed útein. En dan oant de 21e fan jannewaris!
Poëzij
Piter Boersma hat in fraachpetear lêzen dat him ynspiraasje jûn hat.
Anne Feddema slút it jier ôf mei twa gedichten; ‘Maria en Maria’ en ‘Wy hawwe syn logo sjoen’.
Proaza
Klaas Rusticus hat in ferhaal skreaun mei de titel ‘Blauwe eagen’. It folsleine ferhaal is yn it lêste nûmer fan de papieren ensafh te lêzen. Hjir stiet in fragmint dêrfan publisearre.
Kollum
Willem Winters komt mei in ferfolch op syn eardere ‘Ferrassingen I’. No giet it der om dat in tekening mearwearde hat by in gedicht of tekst.
No’t der al grute wurdt fan de Alvestêdetocht (fansels meast troch de Hollanners) kin Skermer net mear reedride. Hy is der lokkigernôch net siik fan, mar dat betsjut al dat er der in tins by hat…
Multymedia
Noch in sifer kin oan it foargeande praatsje taheakke wurde en dat is it feit dat fan de Wiere Wurden der dit jier ôfsluten wurdt mei de 10e yn de rige!
Fraachpetear
Terpstra hat wer in fraachpetear hâlden. Diskear mei Rob du Jardin, dy’t as Switser him tweintich jier lyn yn Amsterdam settele hat en ek it Frysk mear as machtich is.
Besprek (sinjalemint)
Jacobus Q. Smink sinjalearret de nije bondel fan de Gysbert Japicx-priiswinner Anne Feddema, Torpedo’s los.
De nije cd fan Piter Wilkens wurdt besprutsen troch Beart Oosterhaven. En it moaie oan in digitaal besprek binne de linkjes dy’t lein wurde kinne nei de oanbelangjende muzykfragminten.
Oersetting
Hindrik Wiebe Rinzema dy’t no al wer in skoftke tahâldt yn it Meksikaanske Oaxaca hat wer in gedicht fan Octavio Paz oerset. Diskear tige tapaslik foar de tiid fan ’t jier.
En Piter Boersma sjocht ris nei Sineeske krysanten. Ek dat gedicht is tafalligerwize tige tapaslik.