
Rob du Jardin (1969) hjit eins Faltin fan achternamme en is ôfkomstich út it Switserske Genève. Hy wennet sûnt tweintich jier yn Amsterdam en is faak yn Fryslân. Hy praat floeiend Frysk, mei in sjarmant Frânsk aksint. We ha in petear yn kafee De Buurman op It Hearrenfean. Rob hat de rêchsek mei, want hy moat aanst wer werom nei Amsterdam. Rob manifestearret him al in aardich skoftke yn Fryslân as muzikant en tekstdichter en fan him is koartlyn yn ensafh nûmer 6 yn print in toanieltekst ferskynd.
Wat hat dy nei Nederlân brocht tweintich jier lyn?
‘Ik soe hjir in jier op it konservatoarium studearje, mar fielde my fuort sa thús yn Amsterdam – echt as in fisk yn it wetter –, dat ik der bleaun bin. Ik koe in baan krije as altfioelist by it Concertgebouworkest. Tolve jier lyn moast ik dêr lykwols mei ophâlde, omdat ik in probleem krige mei it ear. Hoewol’t ik dat hiel spitich fûn bin ik dochs posityf bleaun. Ik fyn it in foarrjocht dat ik yn ien libben in stikmannich beroppen ha kin, yn meardere lannen libje kin en mear as ien taal sprekke kin. Ik wol graach alles út it libben helje. As bern spile ik piano en fioele, mar ik woe graach party oare ynstruminten bespylje. Mar ús heit en mem woenen dat net, dy fûnen dat ik my net ‘ferwetterje’ moast, oftewol de dingen mar foar de helte dwaan.’
Hoe bist mei it Frysk en Fryslân yn ’e kunde kaam?
‘It begûn mei petearen ûnder de alvestêderintocht. Dêrnei haw ik Fryske les hân yn Amsterdam, mar ek oer de kompjûter. By Tresoar haw ik in geweldige kursus folge oer it skriuwen fan lietteksten. Ynboargerjen is winliken myn grutte hobby en it learen fan it Frysk smyt ekstra ynboargeringspunten op, betocht ik my. Ik fyn it Frysk in hiele moaie taal en at ik yn Fryslân bin, haw ik it gefoel dat ik derby hear. Ik ha meidien oan de Slachtemaraton en de alvestêderintocht en by dy eveneminten hinget sa’n geweldige sfear, sawol by de rinners as by it publyk en de organisaasje der omhinne. Op sa’n momint fiel ik my ûnderdiel fan ien grutte Fryske famylje en dat jout in hiel goed gefoel. Ik ha no in relaasje mei in Fryske frou, dus dat jout fansels ekstra bining.’
Hat it Frysk takomst en bliuwt der wat oerein fan de Fryske mienskip?
‘No, ast it my fregest… Ik tink dat it Frysk der wol út giet. De taal komt no frijwat yn de knipe. Guon minsken bite har aardich fêst yn de taal, dy wolle dy o sa graach behâlde. Oare Friezen skamje harren foar dy taal en prate Hollânsk mei harren bern. Dy ferskynsels fyn ik nijsgjirrich, want dizze perioade komt faaks nea werom. Sjochst ek dat der in globalisearring optreedt en minsken yndividualistysker wurde. Ik ha in wike frijwilliger west by it Roosevelthûs yn Doorn. Dêr wienen fjirtich minsken dy’t soarch nedich ha en fjirtich frijwilligers, allegear út Fryslân. Ik fûn it geweldich om te dwaan. Minsken wolle hieltyd mear ‘kwalitiid’, mar ja, ik sjoch ek in protte minsken dy’t foaral dwaande binne mei it regeljen, it behearen, it fasilitearjen, sis mar mei dingen om itjinge dat sy graach dwaan wolle hinne. Dat neam ik ‘behearrûs’. Yn it ferieningslibben hast gouden minsken dy’t op frijwillige basis dingen regelje. Dat is fansels prachtich, mar it is hieltiid dreger en fyn dy minsken. Wat my oanbelanget mei it mear nei in fraach-en-oanbodmodel ta dêr’t ien dy’t jout ek wat krijt en oarsom. Op himsels hoecht it net ferkeard te wêzen, at der mar in potsje is foar minsken dy’t fanwegen beheinings eat net betelje kinne. Hawar, om werom te kommen op it Frysk: it soe wol kinne dat der hieltiid minder ferlet fan wêze sil. Faaks wurdt it Frysk hieltyd mear in doel op himsels foar in lytse ploech en minder in kommunikaasjemiddel foar in populaasje.’
Mei sjongeres Grytsje Kingma hast ferline jier de publykspriis fan sjongfestival Liet wûn en dit jier sietst yn de finale mei Wiebe Kaspers en freonen. Hoe is dy gearwurking ta stân kaam?
‘Grytsje haw ik ûnder it ‘Kom-en-Sjongwykein’ fan de folkshegeskoalle op Skylge moete. It die gau bliken dat we in muzikale klik ha. Se stjoert my teksten en muzikale konsepten oer de e-mail en dêr reagearje ik op. En oarsom. E-repetearje neam ik dat en dat wurket hiel aardich. Der is wol ynteraksje, mar oan de oare kant kinne wy ús yn eigen tiid en tempo mei it kreatyf proses dwaande hâlde. Grytsje en ik ha tegearre de cd ‘Wjerlûd’ makke mei har harkferskes. De ferskes fan ‘Fryslân Sjongt’ haw ik ek in protte spile, om’t ik derfan hâld en ynnovearje út itjinge wei dat der al is.
Wat betsjut muzyk foar dy?
‘It doel fan muzyk meitsjen is yn myn optyk foaral it oerbringen fan in noflike ûnderfining oan de ûntfanger fan de keunstutering. Dat hat mei positive en negative emoasjes te krijen, lykas fertriet, blidens of leafde. In goede keunstner wyt hoe’t hy of sy mei it goede ark dy emoasjes by it publyk krije kin. Dat reau kin bygelyks de klankkleuren, de akkoarden of de meldij wêze. Ik oefenje geregeld toanljedders, mei as doel dat ik better ymprovisearje kin en op it krekte stuit de krekte emoasjes foarmjaan kin. Ik wol my frij fiele kinne as ik muzyk meitsje en muzyk is foar my in metafoar foar it libben. Mei-inoar spylje is dreech want op sa’n momint moatst sawol stjoerder as ûntfanger wêze. Moatst hiel goed lústerje nei de oaren en dêrop ynspylje.’
Wat dochst no yn it deistich libben?
‘Ik wurkje fjouwer dagen yn ’e wike by de GGZ inGeest yn Amsterdam, op de polyklinyk foar eangst en twang. Ik fyn it in geweldige baan. Ik ha in selshelpboek skreaun oer plankekoarts en dat leit no by de útjouwer. Der wurdt no wurke oan de lêste details en ik hoopje dat it boek yn 2011 útkomt. Yn it boek steane konkrete ‘hands on’-oefenings foar minsken dy’t har eangsten de baas wurde wolle. Minsken dy’t bygelyks klaustrofobysk binne, moatte dochs in lift yngean en minsken dy’t hichtefrees ha, moatte dochs op in hege brêge stean gean. Allinnich sa kinne se har eangsten oerwinne. Neat gjin djip dollen yn it ferline. Foar plankekoarts jildt itselde. Minsken mije fan alles en nochwat, faak op gâns subtile wize. Dat mijen kin bygelyks troch hieltiid wer in ‘feilich’ repertoire te kiezen, troch in lichemshâlding of troch it ymprovisearjen net of mar diels oan te gean. Mei de oefeningen yn it boek leare je om je feiligensgedrach yn ’e rekken te hâlden en ôf te brekken. Dat kin aardich dreech wêze, mar troch it oefenjen berikke je faak dingen dy’t je yn ’t foar nea doard hienen.
Dyn toanielstik mei de titel ‘Om Utens’ is yn novimber publisearre yn ensafh. Wat kinst dêroer fertelle?
‘It is in stik yn Dada7-styl. Dat haw ik sels betocht en ik lit it noch iepen wat dat krekt betsjut. Absurdistysk én tagelyk fol klisjees sil it grif wurde. It is in toanieleksperimint. It giet oer in Klaas Jansma út Grou, net dy fan it skûtsjesilen mar ien mei deselde namme. Klaas is yn de jierren tachtich emigrearre nei Switserlân. Hy hat as grutte hobby it meitsjen fan lêsplankjes. Foar syn tachtichste jierdei hâldt er in grut feest en de gasten meie dêr in stik opfiere. Wat der opfierd wurdt is oan de spilers, se meie fan tefoaren wat ynstudearje of ymprovisearje. Dêrtroch ûntstiet in iepen poadium. Foar Rob du Jardin koe it hast slim oars as dat ik ek in rol betocht: hy spilet himsels. At Fryske toanielselskippen belangstelling ha om it stik te spyljen kinne se my maile: robfaltinAPESTURTdds.nl. En der kin ek noch fan alles oan it stik feroare of tafoege wurde, neat stiet fêst. It doel fan it stik is dat minsken har dermei fermeitsje kinne.’
Wat skriuwst noch mear?
‘Foar myn wurk skriuw ik in soad rapportaazjes oer kliïnten en foar myn oplieding ha ik wat wittenskiplike skôgings skreaun. By de ôfsluting fan in dichtkursus ha we in soarte fan Dadafoardrachtjûn holden by my thús yn kombinaasje mei in lekkere tsiisfondu. Ik skriuw lietteksten yn it Frysk en meitsje in protte gebrûk fan it elektroanysk wurdboek. Foar de tekst fan it liet ‘It Fryske Gea’ ha ik op de side fan It Fryske Gea sjoen. Dêr stiet in list op fan Fryske beneamings foar planten en bisten. Ik fyn it moai om taal wat út te plúzjen. En soms bin ik te geef yn myn praten. Lêst sei ik ‘ik ha geniete’ en krige dêr kommentaar op. Sy fûnen dat ik better ‘ik ha genoaten’ sizze koe. Ik ha it útsocht en ‘ik ha geniete’ wie oanmurken as foarkarsfoarm! Ik twifelje soms tusken it Afûkfrysk of in hollanisme.’
Wat binne dyn plannen op koarte termyn?
‘Op 21 novimber wie der yn de grutte tsjerke fan Poppenwier de presintaasje fan it boek mei cd ‘Oer it Wetter’, dêr’t Tryntsje van der Veer in protte bysûndere keunstners yn bondele hat. De prachtige kryst-cd makke troch Bianca Wijnsma leit ek yn de winkel. Sa ek de eardere bondel mei cd ‘Binnentún’ en myn single-cd ‘Fakânsjeblues’. De kommende tiid haw ik net safolle optredens op ’e wurklist, mar dat komt my net min út, want yn febrewaris wol ik oan de alternative alvestêdetocht yn Reschensee meidwaan en dêrfoar moat ik wol trene!’