04-04-2009 Presintaasje cd ‘Smûzje’: tolve lieten fan rymposters op in cd

logo.ensafh

Al tolve jier lang meitsje de Stichting It Fryske Boek en de Stichting It Fryske Berneboek yn gearwurking mei Bibleteekservice Fryslân in rymposter foar de Berneboeketiid. Op dy poster is in nij fers fan in Fryske dichter ferwurke yn in moai ‘skilderij’ fan in yllustrator. It keunstwurk slút altyd oan by it tema fan de Nasjonale Berneboekewike.

De Fryske rymposter is in begryp op de Fryske basisskoallen en yn bibleteken wurden. Alle jierren krije in oare skriuwer en yllustrator de fraach om poëzij op in oantreklike wize te presintearjen. Foar de bern wurdt sa it Frysk gedicht dúdliker makke troch de yllustraasje: de rymposter as in twa-ienheid fan fers en byld.
De dichters en yllustratoaren binne altiten wiis mei sa’n opdracht en fiere dy mei in soad nocht út.
Alle basisskoallen, bibleteken, berne-ôfdielings fan sikehuzen en Pabo’s krije sa’n poster fergees tastjoerd mei in lesbrief der by.

Jubileum
Yn ferbân mei it jubileum fan It Fryske Boek (75 jier) is it idee ûntstien om alle rymposter-teksten op muzyk te setten. Der binne oant no ta 12 posters útjûn. Nanne Kalma en Ankie van der Meer fiere it projekt út en sette de lietsjes op in cd. De skiif wurdt op it jubileumfeest fan It Fryske Boek, op 4 april 2009, presintearre.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *