
De Kalinderredaksje fan It Skriuwersboun hat in tema foar de nije Skriuwerskalinder 2010 fêststeld. Dat wurdt: ‘Wat oars’.
Yn 2009 bestiet it Fryske Boek 75 jier. De meiwurkers wolle by dat jubileum net allinne weromsjen. Krekt oarsom, der moat neitocht wurdt oer hoe’t de promoasje fan de Fryske literatuer der yn de takomst it bêste útsjen kin. It is wol wis dat der foar It Fryske Boek yn 2010 in soad feroarje sil. De stichting jout har selsstanigens op en wol yn gearwurking mei in oare ynstelling nije wegen ynslaan. Wat oars, dus. Dat begjint al mei in ferhuzing en in oare direkteur.
Fansels kin by dit tema ek in oare kant op tocht wurde. De ekonomyske krisis hâldt ús bygelyks al moannen dwaande. It sil oars moatte wol it regear de saak wer op de rails krije. Mar ek feroarings yn it eigen libben binne skriuwers ynspirearje ta in fers of proaza. En as jo ideeën ha om in hiele oare foarm oan in gedicht te jaan, dogge jo it tema ek eare oan. Fansels is it altyd mooglik om foar in oar ûnderwerp te kiezen. Dat is likegoed wat oars. En in tapaslik fers foar de feestdagen of de seizoenen kin ek hiel goed fan pas komme.
Lietteksten, it leafst mei muzykskrift, binne ek wolkom. Sa binne der al ferskate kombinaasjes fan komponisten en tekstdichters dy’t tegearre bydragen ynstjoere.
It yn te stjoeren wurk foar de nije kalkinder moat foldwaan oan guon betingsten:
– de bydragen meie noch net earder publisearre wêze
– de lingte fan proaza is op it meast 300 wurden (gjin boekfragminten)
– jo kinne net mear as twa bydragen stjoere (fan haikûs meie dat mear wêze mar dan as in syklus)
– it wurk heart typt of printe ynstjoerd te wurden
– muzykskrift mei yneareten wol mei de hân skreaun ynlevere wurde
– bydragen meie yn it Frysk of in besibbe taal (Stellingwerfsk, Biltsk, Stedsfrysk) wêze
– de kopij moat fòàr 15 april 2009 opstjoerd wurde nei:
Stichting it Fryske Boek
Postbus 1311
8900 CH Ljouwert
Faks: 058 213 18 66
E-post: j.sikkema@fryskeboek.nl