Jouke Hylkema

Fuck fiskje

logo.ensafh

Twa man sitte yn ’e overal yn ’e ûnderwâl, griene rubberlearzens sûge sawat fêst yn ’e dridze. De iene besiket mei de lange fûkesetstok in ludze om ’e koarte fandelstôk te krijen dy’t út it einekroas omheech stekt. De oare sjocht mei spanning ta.

‘Frjemd… dat der neat yn ’e earste twa siet!’ seit de taskôger.
‘Trije kear is skippersrjocht jong… ik leau der sit wat yn dizze!’

Lêstneamde krijt fet op ’e fandelstôk en skuort it ding omheech. Alwèr in lege fûke. Hy lit it ding in pear tellen treasteleas boppe it einekroas útdrippe.

‘Harrekrastes, hoe kin soks! Ik miende niiskrekt echt dat ik yn ’e lêste kobbe wat libjen seach, soe der dan gjin iel mear rinne wolle ju!?’
‘It wie fannacht oars al tsjustere moanne!’
‘Lit ús dochs mar eefkes yn ’e lêste sjen, miskien dat er grôtfol sit en dat wy ús drok meitsje om neat.’
‘Ah ja… lit ús dat dwaan… de iel sit fansels yn ’e lêste fûke. It komt allegear goed!’

Se rinne op ’e lêste fûke ta. De iene moat de oare al goed fêsthâlde want de wâlskant is aardich steil. Dan hellet de man mei de fûkesetstok ek de lêste fûke omheech;

‘Ferdikkemedosy ek neat! Yn alle fjouwer net iens in kikkert of in readfin! Net iens in wettertuorre of mûdhûn!’
‘Soe immen ús foar west ha?’
‘Liket my sterk, der komme gjin stropers yn dizze omkriten, heechút in pear aaisikers!’
‘No ja, je witte it net, it is oars wol in moai sleatsje om yn te fûkfiskjen! Aardich djip ek!’
‘Ja wol djip… mar it docht suver dea oan! Wy kinne de fûken ek earne oars sette?’
‘Och wy sjogge moarnier wol wer. Kom lit ús mar wer op hús oan rinne!’

Beiden rinne in daam troch. Wylst de iene tsjin in klute oan skopt draait de oare de holle in slach. Noch krekt sjocht er op in fyftich meter in skerp tekene rêchfin fan in heale meter trochsneed mei gong ûnder wetter sjitten.

Skrokken pakt er syn maat by it skouder;

‘Hee, seachst dat?’
‘Wat ju?’
‘In meunster fan in fisk, hy doek krekt ûnder wetter!’
‘Jaja… Sjochst se no alwèr swimmen tink?’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *