
Wêr‘t deis it lûde libben swetst,
Giet no de rouwe om en etst
Har swijend silhûet
Ut “Skaadbylden”, Sjoerd Spanninga
yn ’e naalspjir de útbeitele nammen fan de boeren
witte dat nei de wurksume libbens de alpinopetten
oan ’e spikers oant ta stof
hwent stof bistû en ta stof… ek it reidtek
fol gatten sa as it útlibbe taffelskleed
dêr’t beppe yn har lêste argeleaze jierren de ynbylding
stânfêst út wei besocht te poetsen
it hûs kreas pandutsen wer
en de straksunich golfplaten skuorre
bekt allike wreed
as de ferkavele bunders der omhinne
dêr’t lân is is oarloch
kear ik om in frjemdling