Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Dit is de sechsde ôflevering fan ensafh-digitaal.

De ôflevering iepenet mei de sechsde ôflevering fan it poëzyprojekt fan Andries Miedema. Hy hat fan it ferhaal ‘De laatste reis van de Nyborg’ fan J. Slauerhoff hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er hieltyd foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De eardere ôfleveringen stean yn ensafh 1-5.
De twadde poëzybydrage is fan Edwin de Groot. Yn it gedicht ‘Ald reed’ soe er, mar giet er werom.

Fêste meiwurker Jouke Hylkema hat it yn syn altyd op aktualiteit weromgeand ferhaal dizze kear oer de stân fan ’e fiskerij, krekter sein oer de stân fan saken yn ’e ielfiskerij.

Skermer is ferbjustere: Nederlân yn Oarloch!

Willem Winters hat lang lêsten nei de Hermitage yn Amsterdam west en dêr de útstalling besjoen fan skilderijen fan de njoggentjinde-ieuske Dútske skilder, Caspar David Friedrich, romantysk skilder sa as in protte, mar in ienling wat syn fizy, oanpak en styl oangiet: Mar Willem Winters hat ek in bysûnder stel eagen: ‘As ik it skilderij nochris bestudearje, dan sjoch ik gjin hert, mar in fagina.’

Op dizze ôflevering twa besprekken. Froukje Sijtsma resinsjearret it jongereinboek Hftch krt frhln fan Ate Grypstra: ‘It gedrach fan pubers is net altiten florissant, mar se groeie net allegear út ta meunsters.’Rieuwert Krol hat him bûgd oer Angel, de nijste dichtbondel fan Tsead Bruinja: ‘De ein fan de simmer dy’t noch krekt net foarby is en in jonge dy’t mei de siel ûnder de earm yn in doarp wennet en in grut langstme projektearret yn de lege kûm dy’t syn hân is.’

Yn dizze ôflevering ek it earste part fan de Ingelske oersetting troch Renée van Weringh fan Janneke Spoelstra har ferhaal ‘Strawberry Fields Forever’ út har ferhalebondel

In Jikse-libben (2008). De oersetting sil yn fjouwer parten publisearre wurde.

De oersetting stiet yn de rubryk Oersetting/Translation. Dêr sille sawol oersettingen út oare talen yn it Frysk yn ferskine as oarsom, sa as dizze kear. Troch it pleatsen fan oersettingen fan Fryske literatuer yn it Ingelsk of hokker taal ek wol ensafh de Fryske literatuer oer de hiele wrâld hinne bekendheid jaan en in nijsgjirrige literatuerside wêze foar in ynternasjonaal publyk. It Kolofon fan ensafh is om dy reden net allinne yn it Frysk mar ek yn it Ingelsk.

In protte lêswille!

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *