Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

En nei in mannich wiken ferskynt einlings wer in nije edysje fan de digitale ensafh. It is de earste fan ’t jier, dus ik mei alle lêzers noch in goed nij jier winskje!
Wy knalle der fuortdaliks yn mei in goed folde edysje, soe ik sizze. Wy hawwe noch guon tsjustere dagen foar ús, dus it komt grif as roppen om foar it heldere ljocht fan it byldskerm in pear juwieltsjes oan dicht- en skriuwkeunst lêze te kinnen.
Noch in oankundiging om ek wat ljocht yn de tsjusternis skine te litten is dat op 12 maart in wier Ensafheest organisearre wurdt! Dan binne wy hast by de maitiid oankommen. Dat is in moaie tiid foar in feestje, tochten wy.

Dat sa.

Poëzij

Elmar Kuipers skriuwt oer syn systeem.
Foppe Venema komt mei it gedicht Rekwiem en skriuwt dêrby oer de band ‘Joy Division’. It moaie oan ynternet is de linken dy’t lein wurde kinne. It gedicht krijt sa fuortdaliks in oare ‘feeling’.

Proaza

Nyk de Vries komt wer mei in nij proazagedicht. De rige dy’t stadichoan moai ferneamd wurdt.

Kollums

De kollum fan Willem Winters giet oer Aline Valangin (pianiste, skriuwster en psycho-analytikus) dêr’t de skriuwster Eveline Hasler in boek oer skreaun hat.
Skermer skriuwt oer de skilder Anselm Kiefer dy’t swierbeladen tema’s oansnijt dy’t er mei swiere materialen útwurket.

Multymedia

En de alfde Wiere Wurden sjocht it libbensljocht. Ek dit nije jier geane Rinzema en Tigchelaar stoef troch.

Fraachpetear

Hedwig Terpstra giet stoef fierder mei it ûnderfreegjen fan Fryske skriuwers, artysten ensafuorthinne. Diskear is de dichteresse en skriuwster Albertine Soepboer oan bar. Hja hat koartby al har tsiende bondel publisearre.

Besprek

Jelma Knol besprekt de nije dichtbondel fan Irene Bal mei de titel De genade van een krimpende geest/De genede fan in krimpende geast.

Oersetting

Piter Boersma hat wer ‘ynspiraasje’ fûn om in gedicht fan in Sineeske dichter oer te setten. Diskear fan Bay-Juyi.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *