Skermer

De keunst fan Anselm Kiefer

logo.ensafh

In protte skilderijen fan Anselm Kiefer, miskien wol de measte, hawwe ek in romtlik elemint en soms binne it winliken romtlike kollaazjes.

De achtergrûn is altyd de natuer of ferwiist dêrnei troch de bewurking en troch de brûkte materialen.

Wat sjocht men oan eleminten, oan details?
In wytferve palmblêd is foar in swartbrune achtergrûn plakt.
In droege sieddragende keningskears is rjochtop tsjin in donkere achtergrûn plakt.
Op in tsjok mei in beskate emulsy ferve bedutsen doek, dat in desolaat snielânskip foarstelt, binne rigen deade, swartbleakere tûkjes plakt.
Foar in brúngriis beskildere doek dat in lânskip fan boppe-ôf sjen lit, hinget in jachtfleantúch fan lead en op dat fleantúch lizze droege sinneblommen (de lange stâlen mei de iepen siedkop dêr’t de siedden noch foar in part moai yn it gelid yn sitte).
Foar in oar snielânskip mei deade tûkjes hinget in boek fan lead en de op it doek oanbrochte wurden streame as sinnestrielen út dat boek wei oer de ierde.
Foar in oar snielânskip hinget in touljedder. It boppe-ein rikt oan de boppekant fan it skilderij, it ûnderein leit noch in stikje fan oprôle op ’e grûn.

Nettsjinsteande Anselm Kiefer yn syn keunst grutte en swierbeladen tema’s oansnijt dy’t er mei gebrûk fan swiere materialen sa as lead, stien, sân, klaai, ûnderskate emulsys en deade tûken en deade plantedielen en it brûken fan kleuren as swart, brún en griis yn gauris ûnbidich grutte wurken (skilderijen, skulptueren, ynstallaasjes) útwurket, hawwe se wat boartliks of grappichs.

De tema’s fan Kiefer binne Dútslân en syn oarloggen en dêr tsjinoer syn hege kultuer, de Dútske skiednis en de mytyske kant derfan, de Germaanske mytology en dan wider de tema’s ferneatiging, ûndergong, dea, fergean en nije libbenskrêft, dêr’t er by gebrûk makket fan de klassike mytology, de bibel, literatuer, wittenskip en filosofy en noch wer wider de ferbining fan de kosmos en it libben op ’e ierde, de analogy tusken makro- en mikrokosmos.

Ik wie yn Antwerpen by in útstalling fan wurken fan Kiefer út de partikuliere samling fan de Dútske famylje Grothe.
Ik ha lang nei it skilderij ‘Böhmen liegt am Meer’ sjoen. Hjir en dêr op in desolaat en stikken snielânskip, in slachfjild, wiene reade feechjes te sjen, de kleur fan bloed, de kleur fan reade papavers, dea en nij libben yn ien. Hoe langer ik seach hoe mear oan read it skilderij frij joech.

Der hong ek in meters heech en breed skilderij, titele ‘Fruchtbare Halbmond’ (it part fan it Midden-Easten, Mesopotamië, dêr’t lânbou ûntstien is). Dêr wie yn brune kleuren in toerruïne (ferwizing nei de toer fan Babel fansels) op ôfbylde. De emulsy en ferve wiene sa tsjok oanbrocht dat de muorren, brokstikken en losse stiennen jin temjitte kamen. It wie in nij skilderij, mar deselde muorrestruktueren komme al yn moai wat eardere wurken foar. Mar dat er mei gebrûk dêrfan no dit oerweldigjende skilderij makke hie!
Ferneatiging, dea, in nij begjin.

Kiefer set jin gjin lichte kost foar, syn bylden binne net fleurich, mar dochs is syn keunst licht te fertarren en dat komt om’t Kiefer as keunstner in boarter is. De grutte en swierbeladen ferhalen dy’t er fertelle wol – want syn keunstwurken binne de wjerslach fan ferhalen – set er, fantasyryk trochborduerend op earder wurk, om yn ferrassend simpele bylden, dy’t as estetyske foarstelling altyd ymponearje. En dan by fierdere beskôging fansels dy ferwizing nei de boarnen, de materialen, de yngrediïnten fan nij libben, fan beskaving.
Kiefer syn keunst tilt jin op in wûnderbaarlike wize op.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *