
Ferline wike fûn ik in ferwizing nei in Switserske skriuwster, Eveline Hasler, dy’t in boek skreau oer pianiste, skriuwster en psycho-analytikus Aline Valangin. Dizze Aline krige kunde oan de dadaïsten en oar keunstnersfolk dat flechte foar de nazi’s en yn Zürich hingjen bleau. Soe Hasler mei nije ynformaasje oer dada komme?
Op ynternet waarden mar twa eksimplaren fan Haslers boek oer Aline oanbean. De folsleine titel is Aline und die Erfindung der Liebe. Ik hold Aline yn ’t earstoan foar in romanfiguer. Mar even sykje op ynternet learde dat se werklik bestien hat [1889-1985]. Fan Aline, dy’t in soarte fan hotel yn it Onsernone Tal by Comologno runde, wurdt grute dat se as it even koe de manlju by har yn bêd sleepte. Nou ja, slepe, dy keardels fersetten harren net. Aline en har man Rosenberg, wiene troud, mar se lieten inoar hielendal frij. In iepen houlik, neamde men dat doe.
In roman mei stikjes doku en in suggestive titel, dat hâldt in belofte yn. In krizeltsje ‘realisme’ leit foar de hân. It wol mar net mear as in ferrekt lyts krûmke wurde. En dat wylst de skriuwster wol meldt dat Aline dan mei dizze, dan mei dy letter ferneamde keunstner in affêre hat.
Hasler skriuwt op in aparte wize. Wol in soad wurden mar folle ferhaal sit der net yn.
Beskreaun wurdt it kommen en gean fan de gasten en harren relaasjes. We komme net folle te witten oer lju as Hugo Ball en Emmy Hennings, Richard Huelsenbeck, Tristan Tzara en Marcel Janco. Wat wiidweidiger komme Hans Arp en Sophie Tauber oan it wurd. Arp, ôfkomstich út de Elsas, sjocht oarloch as in kapitulaasje fan de mins. Om it Dútske leger te ûntrinnen is er flechte, earst nei Parys, doe nei Switserlân.
Yn Zürich, yn it skaad fan de wrâldskiednis protestearje hja ferbaal tsjin de dwylsin fan ’e oarloch. Mei dada!
Sophie, de freondinne fan Arp, makket net allinne keunstwurken fan tekstyl, mar kin ek fabeleftich dûnsje.
Walter Helbich, Max Bill, Kurt Tucholski, Ernst Toller, Else Lasker Schuler, Max Ernst, Merit Oppenheim, Giedon-Welckcer wurde yntrodusearre as gasten, mar inkeld yn in pear gefallen giet Aline op jacht. Sa sit se Tucholsky efternei, mar dat wurdt neat fanwege syn fisy op froulju: it is dat er froulju noadich hat fansels, mar se binne foar him ynwikselber.
Mei Ernst is der in wat djippere relaasje, hy sitearret D.H. Lawrence: ‘De eroatyske ympuls kin ek fan de frou útgean.’
De psycholooch Jung hat ek in rol yn dit boek, syn relaasje mei Aline rint op ’e non fanwege syn kar foar de nazi’s.
Hoefolle ynteressante lju Hasler ek neamt, it bliuwt allegear wat oerflakkich. In pear fammen meitsje in dadajûn yn Zürich mei. Se moetsje al dy ferneamde persoanen, mar it bliuwt by dizze frjemde foarm fan name dropping.
No is der wol literatuer oer dy happenings yn Cabaret Voltaire, mar hjir lei in kâns om it ûntstean fan dada te beskriuwen út de deiboeken fan Aline wei, dy’t der wierskynlik sels by west hat.