Oprop foar de Skriuwersarke

logo.ensafh

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan de ferneamde Fryske skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer trije kear in perioade fan maksimaal seis wiken beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei letterkundich wurk yn it Frysk of in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop. It giet om de perioaden:

moandei 18 april oant en mei freed 27 maaie 2011
moandei 6 juny oant en mei freed 15 july 2011
moandei 25 july oant en mei freed 2 septimber 2011

As minsken har ynskriuwe wolle foar in koarter tiidrek (minimaal twa wiken) kin dat ek, mar dan sille – yn goed oerlis – dy data letter neier bepraat wurde. It doel is dat de arke brûkt wurdt as plak dêr’t de skriuwers en dichters alle gelegenheid krije om oan har oeuvre te wurkjen. It is net as ‘simmerhúske’ bedoeld. Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en tillefoan is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum út it saneamde ‘Tamminga-Piebenga-Fûns’, wylst it ûnderhâld fan de arke en de fêste lêsten dêrfoar bekostige wurde troch datselde fûns en It Fryske Gea. Belangstellenden kinne har oant 7 febrewaris 2011 skriftlik oppenearje by Pieter de Groot, skriuwer fan de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, De Koarte Baan 11, 8731 DX Wommels. Dêrby moat neist de perioade ek oanjûn wurde wat de skriuwer/dichter fan doel is te dwaan. In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar hokker skriuwers/dichters fan de arke gebrûk meitsje kinne. It leit yn de bedoeling om ek yn 2012 de arke wer trije kear seis wiken beskikber te stellen.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *