
De lêste snie-en-iisperioade haw ik mar werris brûkt om in histoarysk riedseltsje op te lossen. Binne de prinskes yn de Tower echt fermoarde troch Richard III of is ien fan harren, Richard fan York, it jongste soantsje fan Edward IV, dochs ûntkommen? En hoe is dan syn libben fierder ferrûn? De histoarika Ann Wroe, skriuwster fan The perfect prince, set in yntrigearjend byld del fan de tiid tusken 1475 en 1500. It is in moai skreaun boek, oer Edward IV en de earste Tudor-kening, Hindrik VII, dy’t as in spin yn it web alle bewegings yn ’e gaten hâlde dy’t syn nij ferwurven troan bedrigen. Perkin Warbeck, de moaie Flaamske jonge dy’t troch de Yorkisten (de oanhingers fan Edward IV) ynset waard as troanpretindint foar de Ingelske kroan en dy’t troch ferskate keninklike hôven yn West-Europa erkend en stipe waard, is de haadpersoan fan har stúdzje. Perkin waard lang om let ophongen. Hindrik VII wie – yn tsjinstelling ta syn beruchte soan – net sa ûnminsklik dat er fuortdaliks syn tsjinstanners nei it skavot stjoerde. De earste falske troanpretindint, in jonkje mei de namme Lambert Simnel, kaam nei syn ûntmaskering yn tsjinst fan it Ingelske hôf as jiskepûster. Perkin hie as in soarte fan hofnar noch jierren libje kind yn de keninklike garderôbe, dêr’t er sa út en troch weihelle waard om op heechtijdagen bespot te wurden troch de keninklike famylje. Mar Perkin wie in erflike fuortrinner, dy’t hieltiten op ’e nij besocht te ûntsnappen en dan dochs wer gefaarlik wurde koe. En ja, dan hâlde it sels foar Hindrik VII in kear op.
Skiednis is tsjintwurdich ferdivedaasje foar it grutte publyk. Hiele kloften sjogge nei de The Tudors of nei Rembrandt en ik. Leechdrompelich fermeits mei in heech “Och heden ja, gyng dat doe sa”-gehalte. De measte senarioskriuwers en regisseurs fiele har twongen om yn grutte halen oan de histoaryske gong fan saken fêst te hâlden en produsearje dus net mear as in gronologysk ferhaal mei de korrekte kostúms en faak ferneamde akteurs dy’t de rest fan de ynfoloefening braaf foarspylje. It artistike resultaat fan al dy ferfilmingen is gauris de deprimearjende kant it neist.
Dat jildt ek foar de literêre kant fan it histoaryske bedriuw. Yn it Angelsaksyske taalgebiet bestiet al sûnt jier en dei in folsleine yndustry fan skriuwsters dy’t nijsgjirrige histoaryske biografyen oer keningen en keunstners ta bestsellers ferarbeidzje. Philippa Gregory cs wurde der aardich ryk fan. En dêrnei wachtet de ferfilming fan al dy draken.
Dat Mary Shelley, de geniale skriuwster fan Frankenstein, soks ek al die, mei hinnebruie. Mary skreau yn 1830 in histoaryske roman oer Perkin Warbeck. Sy moast der fan libje en de roman as literêr sjenre stie doe noch yn de berneskuon.
Mar dat tsjintwurdich in roman as Wolf Hall fan Hilary Mantel oan it grutte publyk ferkocht wurdt as belangrike literatuer, och hearkes en leaffroukes, dêr moat ik in bytsje om skrieme én gnize.
Dames, lês dochs goede boeken. Bygelyks A secret alchemy fan Emma Darwin. Ja, dat giet ek wer oer Elizabeth Woodville en Edward IV en de hiele histoaryske meuk. Mar it is benammen in roman oer moderne minsken dy’t mei ferlies en ferriederlike famyljerelaasjes konfrontearre wurde, it giet oer it ûntstean fan de boekdrukkeunst, prachtige plakjes yn Londen en sa noch it ien en oar. It is net yn it Nederlânsk oerset, want te kompleks en dus net kommersjeel genôch.
O ja, hoe rûn it ôf mei de prinskes yn de Tower? Ik tink dat Ann Wroe én Emma Darwin hiel ticht by de oplossing fan it riedsel komme. Ien ding stiet fêst: de prinskes binne kroandea.
Ankomme winter mar wer in nij histoarysk puzzeltsje.