Ruurdtsje de Haan

de bline gisel

logo.ensafh

 

Ik set de tabakspot yn it finsterbank. De piip giet yn de jiskebak. Oer it balkon fan de buorlju sjocht buorfrou lekjend nei myn liddige lea. Sy giet deryn, docht de blinen del, wurdt blyn. Ik spalkje de eagen op, sjoch boeken stean. Sil ik der ien op iepenslaan? Nee. Dan moat ik ûnder eagen sjen dat de wrâld grutter is en iepenstiet foar my. Soe buorfrou wolle? Ik skodzje myn kaarten. M.C. Escher: Stilleven en straat

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *