Cornelis van der Wal

Rypma op ’e fyts

logo.ensafh

Foar my leit Gerben Rypma – de keunstner fan it dûbele krús, skreaun troch de dichter Eeltsje Hettinga. Nee, ik haw it net kocht, mar liend by de byb fan Tresoar, ik wie de earste neffens my. It boek, útjûn troch de Gerben Rypma Stifting, sjocht der kreas út. Moai grut formaat en prachtich reprodusearre keunstwurken.

Rypma (1878-1963) wie in apart man. No binne der wol mear fan sokken, mar it byld fan de iensume dichter/skilder yn syn selsboude hutte oan de Brekken sprekt fansels bot ta de ferbylding. Dizze kant fan Fryslân wie foar my oant oardel jier lyn folslein ûnbekend terrein. Plakken dêr’t Rypma omspaande, Greonterp en Blauhûs bygelyks, koe ik allinnich mar út de boeken fan Gerard Reve. Mar ik haw de skea ynhelle sûnt ik my yn Snits te wenjen setten haw. Moai wurk, op de âld fyts in nije omjouwing te ûntdekken. De lêste jierren fan syn libben waard Rypma let en set yn in tehûs foar âlderein te Blauhûs. Dat is fansels wat minder ‘stoer’, mar de man koe net mear foar himsels soargje, en froulju taalde er net nei.

Spitigernôch wurdt it boek op guon plakken in bytsje bedoarn troch de persoanlike frustraasjes fan Hettinga, benammen wat it Roomske leauwe oanbelanget. Hettinga neamt de katolike tsjerke bygelyks in ‘poppekast’. Tocht Rypma der ek sa oer? Neffens my net, dat wat is dan it doel fan soksoarte skellerij? Bytsje puberaal dwersbongeljen, sa komt it op my oer. Mar fierders petsje ôf foar de meinimmende skriuwstyl fan de âld meiwurker fan de Friesland Post. Ik bin hiel wat te witten kommen oer de skiednis fan dizze hoeke fan Fryslân en fierders ûnder oaren oer it plak fan de Roomske minderheid yn ús provinsje.

Wie Rypma in grut dichter? No, nee. Mar ik moat tajaan dat ik syn samling Ik haw myn dreamen hawn en fragen nea lêzen haw, en dat komt benammen troch de titel. ‘O ja jonge, hasto dreamen hân en fragen? Fijn foar dy.’ Dat wie myn reaksje op it boekje, dat ik geregeld tsjinkaam yn ferskate biblioteken. Mar de sitearre fersen yn Hettinga syn boek wurd ik ek net fuortendaliks entûsjast fan. Tige datearre, mei te min sizzenskrêft.
Wie Rypma in grut skilder? No, nee. Hy skildere meast boerelânskippen, mei net in soad ekspresje. Mar ik moat tajaan dat ik betiden mei wille nei syn skilderijen yn dit boek sjoen haw, om’t it meastentiids simmertafrielen binne, en dan is it krekt of ropt my de fyts út it hok fan: kom op man, der út! De portretten fan Rypma foldogge my gâns better, dêr sitte moaie, karakteristike koppen by.
In pear dagen lyn haw ik yndied de bannen wer ris oppompt en bin dy kant op karke. Goed foar de kondysje, lykwols it lânskip wie griis en grau en net sa fleurich. Mar ik hie de Zauberflöte op de earen, en de tinzen fleagen wer alle kanten op. Moaie ferhalen betocht, mar neat notearre, dat komt wol werom yn ’e holle.

Dejinge dy’t it boek reservearre hat by Tresoar moat noch efkes geduld dwaan, ik leverje It dûbele krús oare wike yn. Freed, tink.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *