Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

De wrâld stiet bytiden letterlik en figuerlik yn ’e brân. Yn Tunesië in grutte heisa en yn Egypte suver noch grutter. Regearingsgebouwen yn flammen op en ôfrûne woansdei sloegen de freedsume demonstraasjes om yn geweld. Wittefolle ferwûnen en sels in deade. Juster sels noch mear geweld en deaden. En yn Austraalje hawwe se no te krijen mei in stik hurde wyn.
By al dat ûnstjoer giet ensafh gewoan fierder. En yn al dy rêst kinne jimme no de folgjende ôflevering fan de digitale ensafh lêze.

Poëzij

De stjerdei is no trije jier lyn, sa skriuwt Ane Bote Jukema oer syn ferstoarne muze.
Ruurdsje de Haan komt mei ‘De bline gisel’ wer mei in Escher-gedicht.

Proaza

Ulke Brolsma makket in gefaarlike rit mei yn in Ambassador.

Kollums

Wy hawwe sawier twa kollumdebuten te melden, alteast foar ensafh. De earste is fan Jelma Knol. Har kollum wurdt ôfwiksele mei dy fan Skermer. Dizze earste kear hat Jelma har yn de skiednis bejûn.
It twadde kollumdebút is fan Cornelis van der Wal. Hy sil alle fjirtjin dagen in kollum fersoargje. It troch Eeltsje Hettinga skreaune boek oer Gerben Rypma hat Cor liend út Tresoar.
Willem Winters hellet âlde tydskriften foar it ljocht wêrby’t er it measte mei Panorama hat.

Multymedia

De tolfde Wiere Wurden alwer.

Besprek

Jacobus Q. Smink hat de twatalige bondel De Trektocht fan de dichteresse Albertina Soepboer lêzen en besprutsen.

Oersetting

En Piter Boersma hat it gedicht ‘Ah, great expectations’ oerset.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *