
Wannear’t (moarns betiid) ik dit foaropwurd skriuw wurdt it al wer ljocht oan ’e himel. Wy geane de goede kant wer op wat it waar oanbelanget. Dat it nije wike de foarjiersfakânsje is, seit fansels ek wol wat. Noch efkes en de natoer komt wer op ’e nij ta bloei.
De literatuer bloeit altyd mar troch, ûngelikens hokfoar tiid fan ’t jier wy ek yn libje. Winters geane de edysjes fan sawol de papieren as de digitale ferzjes troch, mar ek simmers (útsein de simmerfakânsje). Skriuwers en dichters bliuwe blykber ek altyd dwaande, want fan harren moatte wy it as redaksje hawwe, fansels. Hulde dat hja altyd en ûnfersteurber trochgeane!
Poëzij
‘Buorlju’ is it ûnderwerp fan it gedicht fan Hindrik Spin. Buorlju dy’t hast net te hearren binne.
En Eric Hoekstra skriuwt oer gat, of God?
Proaza
It lêste reisferslach fan Ulke Brolsma. Steefêst hie Brolsma skreaun oer syn wjerfarren yn Yndia. Hy is no hast wer thús, dus mei dit ferslach wurdt de rige ôfsletten. Ut namme fan ’e redaksje tankje ik Brolsma foar syn meinimmende bydragen!
Fraachpetearen
Hedwig Terpstra hat in nijsgjirrich fraachpetear hâlden mei de Ljouwerter stedskeunstner Martin Winters. Winters bout oan it skip ‘De Lading’.
Kollums
Willem Winters hellet der in âld skrift fan de kweekskoalle by dy’t er trochnimt. ‘Ik kom út dit skrift net nei foarren as de skoalmaster dêr’t men letter in strjitte nei neame sil.’
Skermer dy giet der ris goed foar lizzen en rekt him lekker út. Moatte oaren (ynklusyf mysels) ek ris dwaan, want hy skriuwt dat it in hiele gewaarwurding is.
Cor mient Holst op it kariljon te hearren.
Multymedia
De trettjinde Wiere Wurden fan Hindrik Wiebe Rinzema en Geart Tigchelaar.
Besprek
Josse de Haan is oer it boek fan Bart Kingma, Griene Simmer, gear west en hat dêr sa it ien en oar oer op te merken.
Oersetting
Piter Boersma giet fierder mei syn oersettingen fan Sineeske dichters. Diskear draacht it gedicht de titel ‘fielings’.