Cornelis van der Wal

Holst op it kariljon

logo.ensafh

Ik hearde ferline wike op in jierdeifeestje dat it lûd fan tsjerkeklokken goed is foar it psychysk wolwêzen fan de minske. It hie wat mei geheimsinnige trillingen te krijen, of soksawat.

No, dat komt goed út, want it brûnzen lûd fan de klok fan de Snitser Martinitsjerke is hjir yn ’e hûs altyd in wolkomme gast. Ik wit net oft dy genêzende krêften ek foar it kariljon fan dizze tsjerke jilde, mar ik genietsje alle dagen fan it heldere tingeljen dat út de loft op my deldwarrelet.

Sûnt in pear moanne spylje de lytse klokken in nije meldij, en, wat kinne jo grutsk wêze om neat, ik werkende de meldij daliks: it kaam út The Planets fan de Ingelske komponist, al soe men dat oan de namme net sizze, Gustav Holst. De planeet yn kwestje is Jupiter, The Bringer of Jolity, sa’t Holst it grutste lid fan ús sinnestelsel karakterisearret.

Wannear’t jo hjir klikke dan kinne jo it stik beharkje en kontrolearje oft ik gelyk haw. Mar dan moatte jo ek noch efkes nei Snits ta fytse, om dêr it kariljon te kontrolearjen.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *