
Ik ferkearde mei de holle yn ’e wolken, nee heger, tusken ’e stjerren, rekke de ierde allinne oan mei de fuotten. Ik fiel it noch hoe’t allinne myn fuotten grûn fielden.
Ik stie op in glôbe op myn wenstee, op ’e krite dêr’t myn libben him ôfspilet en mei de holle yn it hielal.
Wat in gewaarwurding! Myn basis wie smel en ik ferkearde yn in ile wrâld.
Ik gong lizzen en ruts my út oer de ierde oant myn grutte tean rêste op in rotskust mei pinguins. De weagen fan ’e oseaan klotsten tsjin myn kûten, ûnder myn knibbelholte lei Johannesburg, myn boppeskonken rêsten op oerwâld en woestynsân. Ik lei mei de kont op ’e Etna. De fingerseinen fan myn beide hannen rekken inoar op ’e Midwayeilannen. Myn rjochterearmtakke rêste op Bermuda en de linker op ’e Mahabodhi-timpel yn Bod Gaya. Ik ruts de nekke út oer de Noardpoal hinne en sa fierder oant myn holle rêste op it iis fan Antarktika. En yn dy útspalke hâlding begûn ik oer de ierde te skaaien om alle eleminten derfan te fielen.
Wat in gewaarwurding! It libben is yl, behalve ast lizzen giest, dy hielendal útrekst oer de wrâld, besefst datst oeral bist.
Ik gean aanst wer sa lizzen, skaai earst noch in skoft om en dan draai ik my op it liif. Ik stel my foar dat ik dan de hjitte en djipte sykjend fan fulkanen en geisers mei de noas yn in moeras, it sân tusken de tosken en gripend nei lianen heal beswymje, net mei hannen en fuotten begjin te slaan, mar it gewurde lit, dat myn liif dan yninoar skronfelet en ferdwynt troch in mûzegatsje, of moaier noch, it wjirmeleger my de ierde yn lûkt.